Eelco Nicolaas van Kleffens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Kat
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Eelco Nicolaas van Kleffens''' ([[17 juny]] [[1886]], [[It Hearrenfean]] - [[17 juny]] [[1983]], [[Almoncugenma]]) wie beropsdiplomaat.
 
Eelco Nicolaas van Kleffens wie fan [[Dokkum|Dokkumer]] komôf. Hy is op 17 juny 1886 berne op It Hearrenfean, dêr't syn heit by it [[kantongerjocht]] amtner fan it iepenbier ministearje wie.
 
Van Kleffens waard beropsdiplomaat. Hy hie ferskate funksjes by it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Yn [[1939]] waard hy minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-[[Piter Gerbrandy|Gerbrandy]]. Sa hat er yn [[Londen]] de [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] meimakke. Faak moast er bemiddelje tusken [[keninginne Wilhelmina]] en Piter Sjoerds Gerbrandy.
 
Yn 'e oarloch hat er al dwaande west mei mear ynternasjonale gearwurking. Nei [[1947]] hat er him dêr hielendal op talein. In bekroaning dêrfan hat west dat er yn [[1954]]/55[[1955]] foarsitter waard fan de Algemiene Gearkomste fan de [[Feriene Naasjes]].
 
Nei't er pinsjonearre waard gie er mei syn [[Feriene steaten|Amerikaanske]] frou [[M.H. Horstman]] yn [[Portegal]] te wenjen. Sûnt [[1950]] wie hy al [[minister fan steat]]. Hy is op 17 juny 1983 ferstoarn yn Almoncugenma yn Portegal.
 
Van Kleffens hat him altyd in [[Fryslân|Fries]] field. Om't er dêr lânhearre wie, hâlde hy ek in bân mei [[Raard]]. Yn in ynterview liet er de ferslachjouwer dan ek grutsk in âlde kaart sjen, wêr't De Kleffens op oanjûn wie.
 
Om dizze bân woe er mei syn frou, neffens de famyljetradysje, yn Raard tusken syn folk begroeven wurde, en dat is ek bard.