Isaak Levitan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 10:
Syn earste útstalling wie yn 1877 en waard posityf ûntfongen yn de parse. Nei [[Aleksander Solovjev]]'s mislearre oanslach op Aleksander II, yn maaie 1879, waard de famylje Levitan twong om te ferhúzjen nei de foarstêd Saltikovka, út reden fan nije beheinende wetjouwing tsjin joaden, mar troch it krewearjen fan bewûnderers mocht Levitan dyselde hjerst al werom nei Moskou. Fan 1880 ôf waard Levitan's wurk oankocht troch keunstsamler en filatroop [[Pavel Tretjakov]]; dizze skilderijen binne no part fan de kolleksje fan de [[Tretjakovgalery]].
 
By de tentoanstelling fan de Swalkers yn 1884 wiene ek skilderijen fan Levitan. Yn 1891 waard er as lid talitten ta de Swalkers. As lânskipsskilder ''pur sang'' skildere Levitan hast gjin stedsgesichten, skepte er in eigen fariant op it saneamde ''stimmingslânskip'', dêr't de foarmen en tastannen fan de natoer yn fergeastlike waard en feitlik stâl joech oan de tastannen fan de minslikeminsklike siel.
 
Op it hichtepunt fan syn ferneamdens waard Levitan yn 1897 lid fan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten en yn 1898 waard er beneamd as direkteur fan syn âlde skoalle. <br />