Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; fl
L st
Rigel 43:
 
=== Tsjillen ===
Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faak fjouwerentweintich inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk en tydlik gebrûk sitte se ek faak ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjillen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintigfjouwerentweintich speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elkoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjillen mei gewoane speaken wurde faak speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de [[finger]]s fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrignijsgjirrich lyts berntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunststof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfoar en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faak fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen.
De foartsjillen binne faak fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstân. rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk ha faak gruttere foartsjillen. Ôfhinklike fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.