Domtsjerke fan Pisa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 38:
Yn 1063 sette Buscheto di Giovanni Giudice útein mei de bou fan de nije dom. De kosten waarden betelle fan û.o. de bút, dy't binnen helle wie mei de ekpedysjes tsjin de islamityske besetters fan [[Sisylje]]. Yn itselde jier begûn ek [[Feneesje]] mei de bou fan in nije katedraal, de [[basilyk fan San Marco]]. De twa konkurrearjende seefarrende republiken wiene meiïnoar yn striid wa't de moaiste katedraal bouwe koe.
[[File:Dehio Pisa Kathedrale.png|thumb|left|250px|<center>''Grûnplan''</center>]]
De tsjerke waard bûten Pisa's midsiuwske muorren boud op in plak dat earder as tsjerkhôf tsjinne. Op it plak stie al in tsjerke út it begjin fan de 11e iuw, mar dy waard nea foltôge. Troch de weake ûndergrûn fersakke de domtsjerke oan de eastlike kant wat. Foar Itaalje wie it krúsfoarmigkrúsfoarmich grûnplan yn dy tiid wat nijmoadrichs. Paus Gelasius II wijde yn 1118 de doe noch net foltôge dom yn.
 
Oan it begjin fan de 12e iuw waard de katedraal grutter makke. It [[Skip (tsjerke)|skip]] waard yn deselde styl as dy fan Buscheto trije [[travee]]ën langer makke. Ek waarden it [[transept]] fergrutte en in plan útfierd foar in nije gevel. Op de ''Porta di San Ranieri'' (de doar yn it rjochter transept) stiet [[1180]] ynskreaun, it jier fan de foltôging fan it wurk. De mei foarstellings út it libben fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] fersierde dûbele doar waard oan de ein fan de 12e iuw troch Bonanno Pisano getten en oerlibbe it fjoer fan de brân yn 1595. De orizjinele doar wurdt hjoed-de-dei bewarre yn it ''Museo dell'Opera del Duomo''.