Steatefertaling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Statenvertaling title page.jpg|200px|right|thumb|''In earste printinge fan de Steate-oersetting út [[1637]] mei in stedsgesicht op Leien. <small>(Ut de kolleksje fan it [[NBG 1951|NBG]]</small>]]
De '''Steate-oersetting''' (offisjeel '''Steatefertaling''' of '''Steatebibel''') is de earste offisjele Nederlânsk(Hollânsk)talige oersetting fan 'e [[Bibel]], streekrjocht út it oarspronkelikeoarspronklike [[Gryksk]] en [[Hebriuwsk]]. De opdracht fan de oersetting waard yn [[1618]] jûn op de [[Synoade fan Dordrecht]]; De [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-ginneraal]] waard frege de oersetting te beteljen.
 
Oant dan ta waard gebrûk makke fan ferskate Bibeloersettingen, sa as dy fan [[Maarten Luther]]. Dy wie lykwols yn it [[Dútsk|Heechdútsk]] en wie boppedat in [[Luteranisme|luterske]] ynterpretaasje. Der wienen al earder bibels yn it Nederlânsk ferskynd, mar dat wienen oersettingen fan oersettingen. De synoade fûn it nedich dat der in goede, eigen ferzje út de grûntekst wei oerset kaam, nei it foarbyld fan de Ingelske ''Authorized Version'' (''[[King Jamesbibel|King James Version]]'', [[1611]]). Foar benei it hiele [[Alde Testamint]] is dat it [[Hebriuwsk]] en foar it [[Nije Testamint]] it ''[[Gryksk|Koinè]]''.