Tekst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
fet
L st
 
Rigel 13:
In '''digitale tekst''', '''elektroanyske tekst''' of '''e-tekst''' bestiet yn prinsipe út in beskate koade foar elts teken (yn tsjinstelling ta in grafyske werjefte lykas by in letter op papier, en yn tsjinstelling ta in lûd), eventueel oanfolle mei [[opmaak]]koades. (De meast basale koades dy’t gjin sichtbere tekens represintearje binne dy foar de [[spaasje]] en de [[nije rigel]].) Dat makket effisjinte [[elektroanysk]]e opslach mooglik, bygelyks as in [[txt]]-, [[html]]-, [[DOC (bestânsformaat)|doc]]- of [[Portable Ducument Format|pdf]]-[[bestân (kompjûter)|bestân]], of yn ien fan de spesjale formats foar [[e-boek]]en.
 
Foardielen fan in digitale tekst foar in tekst op papier oer binne (ien en oar foarsafier’t dy mooglikheden net beheind binne, lykas by [[Digital Rights Management]], en fierder ôfhinklik fan it bestânstype en software) de trochsyk-, bewurk-, kopiear- en ferstjoerberens (ûnder oare [[e-post]] en [[sms]]), de lytse massa en it lytse folume fan de [[gegevensdrager]], de ynstelberens fan de lettergrutte mei automatysk oanpassen fan de hoemannichte tekst op in rigel oan de skerm- of finsterbreedte sadat safolle mooglik tekst op ien rigel stiet sûnder dat hoarizontaalhorizontaal scrollen nedich is, en de mooglikheid ta it kiezen fan in lettertype.
 
In neidiel is dat in apparaat of software nedich binne om in tekst lêze te kinnen (de koades wurde dêrfoar weromlêzen nei de grafyske werjefte op in [[byldskerm]]) of te annotearjen/bewurkjen/skriuwen.