Avezzano: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:Avezzano pan 30 7 2016.jpgFile:Avezzano view 2.jpg Criterion 2 (meaningless or ambiguous name) · Nome standard
L Frysk
Rigel 33:
Der binne twa gongbere ferhalen oer wêr’t de namme fan it stedsje wei komt: fan “Ave Jane”, wat fan de [[Romeinske mytology|Romeinske God]] [[Janus]] komt, en fan “Ad Vetianum”, wat “nei de Vetia famylje” betsjut, dy’t wennen yn it deunby leine [[Alba Fucens]]. De earste delsettings yn it gebiet begûnen mei it wurk oan it drainaazje systeem fan de [[Fuciner mar]] ûnder it bewâld fan Keizer [[Klaudius]] yn de earste iuw. Yn de [[15e iuw]] stie Avezzano ûnder it bewâld fan de Orsini famylje, dy’t yn [[1490]] dêr in kastiel bouden.
 
Avezzano lei ea oan de iggen fan de Fuciner Mar, dat earder de grutste mar fan sintraal Itaalje wie, it waard drainearre yn de [[19e iuw]]; nei it drainearjen fan it mar, ûntwikkele it gebiet him gau mei tank oan de fruchtbere grûn wêr’t goed op buorke wurde koe no’t it mar drûch lei. It gebiet waard hast folslein ferneatige troch de nei alle gedachten swierste ierdskodding yn de skiednis fan Itaalje. De ierdskodding barde ier yn de moarn fan [[13 jannewaris]] [[1915]], allinne ''Casa dei Palazzi'' en in part fan it ''Kastiel Orisini'' bleaunen oerein stean, mear danas 29.000 minsken ferstjerren. Yn [[maaie]] [[1944]] rekke de krek opboude stêd wer swier skansearre troch bombardeminten.
 
Hjoed de dei is Avezzano in moderne stêd mei in rjochtlinich strjitteplan en romme parken. It is in wichtich kommersjeel, yndustrieel en agrarysk sintrum foar it berchgebiet mei in tige ûntwikkele technyske sektor. Op koarte ôfstân fan de stêd stiet in park mei radioteleskopen fan it bedriuw Telespazio. It Amerikaanske bedriuw Micron Technology hat hjir ek in fêstiging.