Huldrych Zwingli: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L Frysk
Rigel 20:
De boeresoan Zwingli like tige begien te wêzen mei it gewoane folk. Yn de rin fan de tiid koed er al syn parochianen, mar mei inkelde famyljes hied er mear kontakt as gewoan en wied er peterfaar foar guon bern. Syn tsjerklike belutsenens die ek bliken út syn fûleindige stribjen om in splinterke fan it Wiere Krús nei Glarus te heljen, dêr't er lang om let yn wist te slagjen. Foar in wichtich [[relyk]] as in fragmint fan it krús dêr't Jezus oan stoar wie wol in weardich ûnderkommen nedich en dus liet er de âlde tsjerke yn grutter meitsje mei de nei it relyk ferneamde Krúskapel. De ynwenners fan Glarus hiene it lykwols net oer de Krúskapel mar oer de Zwinglikapel.
 
Yn syn jierren yn Glarus studearre Zwingli fierder en mei grutte iver lies er de wurken fan de antike klassikers en [[tsjerkefaar]]s. Boppedat learde er [[Gryksk]] en sa koed er de grûntekst fan it [[Nije Testamint]] lêze, dy't [[Desidearius Erasmus|Erasmus fan Rotterdam]] yn in krityske útjefte publisearre hie. Troch de [[Humanisme|humanist]] learde Zwingli in oare bedoeling yn de bibelske teksten te sykjen en te werkennen. Sa fûn er in nije, foar him befrijende tagong ta de Hillige Skrift. Ek al lei Glarus isolearre, dochs wist er nauwe kontakten te ûnderhâlden mei de gelearden fan syn tiid en hy wie altiten op de hichte fan de publikaasjes fan nije boeken. Oan it ein fan syn tiid yn Glarus besiet Zwingli it doedestiidske ymposante oantal fan mear danas 100 boeken.
 
Zwingli woe syn kennis trochjaan en op syn oantrunen waard der yn 1510 in Latynske skoalle yn Glarus stifte. Op dy hegere skoalle koenen jonges basiskennis fan it Latynsk opdwaan en hoegden se net mear om fierrens te gean om kennis op te dwaan. Zwingli waard keazen ta learaar en ûnder syn learlingen wiene tal fan ynfloedrike ynwenners fan it plak, lykas de reformator Valentin Tschudi, de histoarikus Aegidius Tschudi en nei alle gedachten ek Fridolin Brunner, de lettere reformator fan it Kanton Glarus.