Evakuaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 2:
In '''evakuaasje''' (fan it [[Frânsk]]e ''évacuation'') of '''ûntromming''' is it urginte en direkte fuorttsjen of ferpleatsen fan groepen [[minske]]n (en soms [[bist]]en) nei in feilich of alteast feiliger plak, fanwegen de driging foar harren [[feilichheid]] dy't útgiet fan in beskaat barren of fan in oare driuwende omstannichheid. In evakuaasje kin plakfine op frijwillige basis, wêrby't eltsenien sels útmakket oft de driging grut genôch is om fuort te gean, of troch de [[oerheid]] fan boppe-ôf oplein wurde. Yn dat lêste gefal wurde [[boarger]]s ferplichte om foar har eigen feilichheid fuort te gean út it te evakuëarjen gebiet, oft se dat no wolle of net. Yn 'e measte [[lân|lannen]] binne der yngeande regels opsteld op it mêd fan evakuaasjes. Ek yn ynternasjonale [[ferdraggen]], lykas it [[Ferdrach fan Sjenêve]], binne dêrfoar oanwizings opnommen.
 
Redens foar evakuaasje op lytse skaal (bygelyks fan 'e oanwêzigen út in beskaat [[gebou]]) kinne wêze dat der [[brân]] útbrutsen is of dat der in [[bom]]melding dien is. Op gruttere skaal komt de evakuaasje fan ien of mear [[plak]]ken of fan in hiele krite foar. Redens dêrfoar binne yn 'e regel dat der yn it ramt fan oarloch mei in [[bombardemint]] drige wurdt, of dat der in [[natoerramp]] driget, lykas in [[fulkaanútbarsting]], in [[lawine]], in [[natoerbrân]], in [[oerstreaming]], in [[orkaan]], [[tyfoan]] of [[orkaan|sykloan]], in [[tornado]] of [[wynhoas]], of in [[tsûnamy]]. By guon natoerrampen, lykas in [[ierdbeving]], sjocht men it gefaar net yn 't foar oankommen, en moatte minsken faak neitiid noch út it troffen gebiet wei evakuëarre wurde. Yn sitewaasjes wêrby't gefaarlike materialen in rol spylje, moatte evakuees soms ûntsmet wurde ear't se út 'e gefaarsône helle wurde kinne.
 
{{boarnen|boarnefernijing=