E-boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
kt
L fl
 
Rigel 15:
E-boeken hawwe sawol foar- as neidielen. Foardielen dy't faak neamd wurde en foar in protte e-boeklêzers oanlieding binne om oer te stappen fan printe boeken, binne dat e-boeken in stik minder romte ynnimme (feitliks hast gjin inkele, útsein de ''e-reader''), en dat se minder swier binne. Fierders beskikke e-boeken gauris oer bykommende elektroanyske foardielen, lykas direkte links nei [[wurdboek]]en foar [[wurd]]en dy't men net ken, de mooglikheid om it lettertype te fergrutsjen of te ferlytsjen, en der kin sels ''[[text-to-speech software]]'' op oansletten wurde dy't de tekst lûdop foarlêze kin foar [[blynheid|blinen]] en min-sjenden, âlderein en [[wurdblynheid|wurdblinen]]. Ek is lêzen mei in ''e-reader'' anonimer as út in printe boek (in protte froulju soene bgl. út skamte in boek as de [[bondaazje]]- en [[sado-masogisme|SM]]-[[roman]] ''[[Fifty Shades of Grey]]'' net yn 'e trein lêze wolle, wylst soks mei in e-boekferzje gjin beswier hoecht te wêzen). Dêrnjonken besparje e-boeken in protte [[papier]] (en dus [[beam]]men) en binne se sadwaande miljeufreonliker as printe boeken (mar net folslein miljeufreonlik, want ''e-readers'' binne apparaten dy't op [[elektrisiteit]] wurkje en dy elektrisiteit moat ek op 'e iene of oare manear opwekke wurde).
 
Oan 'e oare kant is in grut neidiel fan e-boeken dat [[útjouwerij|útjouwers]] der beheinings yn ynbouwe kinne, dy't it bgl. ûnmooglik meitsje kinne om in âld e-boek troch jaan of troch te ferkeapjen oan in twadde eigner (eat dat mei gewoane boeken de normaalste saak fan 'e wrâld is). Ek is it mooglik dat e-boeken om 'e safolle tiid fia elektroanyske middelen "nei hûs belje" om 'e lêsgewoanten en en oare ynformaasje oer harren eigner troch te jaan, sadat de produsint dêrop ynspylje kin. (Fia syn ''Kindle''-model ''e-reader'' wit [[Amazon.com]] bgl. persiis hoelang't de lêzer oer it boek docht, hoelang't er oan eltse side besteget, hoe faak en hoe lang efterinoar oft er deryn lêst, en hokker oantekenings oft er der eventueel oan tafoege hat.) Ek moatte ''e-readers'' om 'e safolle tiid opladen wurde, wat problematysk wêze kin by in lange [[kampearjen|kampear]]fakânsje of [[trektocht]]. Auteurs kinne in e-boek net synjearje. Mar it wichtichste en meast hearde beswier tsjin e-boeken is dat de lêzer it gefoel en de rook fan in papierren boek mist, en dat men e-boeken net kreas op in rychje op in boekeplanke te pronk sette kin.
 
{{boarnen|boarnefernijing=