Markus Aurelius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L fl
Rigel 19:
Yn [[175]] wie hy sa slim siik dat it der op like dat hy stjerre soe. Syn frou ljochte de gouverneur fan [[Syria]], Gaius Avidius Cassius, hjiroer yn, en dizze kaam yn opstân. Guon tinke dat sy ferhinderje woe dat har eigen soan Kommodus opfolger wurde koe, om't sy syn karakter as nimmen oars better koe en fermoede dat syn keizerskip jammerdearlik ôfrinne soe foar it Romeinske ryk. Markus Aurelius genies lykwols en sloech de opstân del. Faustina de Jongere soe in jier letter stjerre.
 
Yn [[177]] kearde Markus Aurelius werom nei nei Rome en ferhege Kommodus as Augustus. Oant syn dea, trije jier letter, soe de keizerlike macht troch beiden dield wurden.
 
Yn [[178]] bruts der wer oarloch út en wer gong Markus Aurelius nei it grinsgebiet.