Paraguay: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 33:
 
== Skiednis ==
Eartiids waard it gebiet fan it tsjintwurdige Paraguay bewenne troch [[Yndianen|Yndianestammen]]. Nei de ûntdekking fan it kontinint troch [[Kolumbus]] waard it suden yn [[1527]] ferkend troch de ûntdekkingsreizger [[Sebastiaan Cabot]]. Tsien jier letter stifte [[Domingo de Irala]] [[Asunción]] dat yn distiid haadstêd is. En tusken [[1609]] en om-ende-by 1760 waard de skiednis fan it lân foar in grut part bepaald troch it fan [[Jezuïeten]] laat ynstitút fan de 'Reducties' dat benammen rjochte wie op de beskerming en de ûntwikkeling fan fan de lânseigen [[Guaranys]].
 
Doe't Súd-Amearika begjin [[19e iuw]] har ôfskiede fan it [[Spanje|Spaanske]] memmelân, hearde Paraguay in skofke by [[Argentynje]], mar yn [[1811]] makke Asunción har los fan Buenos Aires en waard it in selsstannich lân. It lân rekke lykwols yn de ban fan diktators en de kriich tsjin [[Brazylje]] yn [[1864]], Argentynje en Bolivia yn [[1865]] koste it lân 5/6 fan har befolking. Revolúsjes soargen derfoar dat it lân mar net herstelle koe.