Cosplay: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L fl
Rigel 1:
[[File:Yuna FanimeCon 2014.jpg|right|thumb|180px|In ''cosplay'' fan it personaazje Yuna, út it [[fideospultsje]] ''Final Fantasy''.]]
'''''Cosplay''''', in gearlûking fan 'e [[Ingelsk]]e wurden ''costume'' ("kostúm") en ''play'' ("toaniel"), is in foarm fan fan 'e [[poadiumkeunsten]] wêrby't de dielnimmers gebrûk meitsje fan [[kostúm]]s en [[assessoires]] om in beskaat personaazje of idee út te byldzjen. Yn 'e rommere sin kin mei ''cosplay'' ek ferwiisd wurde nei alle kostumearre [[rollespul]]len, ek dy bûten it poadium om. ''Cosplay'' is fral tige populêr en folslein ynboargere yn [[Japan]], dêr't it コスプレ (''kosupure'') neamd wurdt, dat in ferbastering fan it Ingelske wurd ''cosplay'' is.
 
''Cosplayers'' putte almeast ynspiraasje út [[manga|manga's]], [[anime]], [[stripferhaal|stripferhalen]], [[kompjûterspultsje|kompjûter]]- en [[fideospultsje]]s en [[film]]s. Dêrby giet it benammen om 'e sjenres fan 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en [[science fiction]]. Mar yn prinsipe kin eltse entiteit út 'e echte of firtuële wrâld dy't him lient foar [[toaniel|dramatyske ynterpretaasje]] as ûnderwerp foar ''cosplay'' tsjinje. Dêrby krije libbenleaze objekten antropomorfyske skaaimerken taparte, en ek is it net ûngewoan om 'e [[geslacht (sekse)|geslachten]] ferwiksele te sjen, wêrby't froulju of famkes harren manljusrollen oanmjitte en oarsom. Fierders bestiet der in subgroep binnen de ''cosplay''-[[subkultuer]] wêrby't de dielnimmers mei sin kieze foar personaazjes dy't bekend steane om har oantreklikens en/of net folle (of neat) oan 'e ferbylding oerlittende kostúms.