Thomas Tibbles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 26:
 
===Belutsenens by de Yndianen===
Nei't de fijannichheden yn Kansas beëinige wiene, libbe Tibbles in skoft mank de [[Omaha (folk)|Omaha]], in lânseigen [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] yn [[Nebraska]], en focht sels oan 'e side fan Omaha-[[kriger]]s yn in konflikt mei de [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''). Letter wurke er in pear jier as [[metodisme|metodistysk]] [[predikant]] oan 'e [[Amerikaanske frontier|Amerikaanske ''frontier'']], oant er er him úteinlik op 'e [[sjoernalistyk]] rjochte.
 
As [[redakteur]] fan 'e [[krante]] de ''[[Omaha Daily Herald]]'', út 'e stêd [[Omaha (Nebraska)]], wie de rol fan Tibbles yn [[1879]] fan krúsjaal belang foar it buorkundich meitsjen fan 'e swierrichheden dêr't it [[Ponka (folk)|Ponka]]-[[opperhaad]] [[Steande Bear]] en syn folgelingen yn ferkearden. De Ponka wiene yn [[1877]] út harren heitelân yn noardeastlik [[Nebraska]] wei [[deportaasje|deportearre]] nei it [[Yndiaanske Territoarium]] (it lettere [[Oklahoma]]), dêr't se ûnder strieminne omstannichheden libje moasten, wylst in trêdepart fan 'e stamme omkaam oan [[malaria]] en [[ûnderfieding]]. Doe't it opperhaad Steande Bear mei 65 folgelingen weromkearde nei Nebraska, waarden se yn opdracht fan it Amerikaanske regear oppakt troch it [[Amerikaanske Leger]] ûnder lieding fan [[brigadegeneraal]] [[George Crook]]. Hoewol't dyselde oarders hie om 'e Yndianen sa gau mooglik werom te stjoeren nei it Yndiaanske Territoarium, trainearre er de saak mei opsetsin en liet er it útlekke oan Tibbles, dy't soarge dat der omtinken oan skonken waard yn 'e kranten.