Natoerramp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L fl
 
Rigel 1:
[[File:2004-tsunami.jpg|right|thumb|250px|De [[Aziatyske tsûnamy]] koste yn [[2004]] oan mear as 250 miljoen [[minske]]n it libben.]]
In '''natoerramp''' of '''natuerramp''' is in grutskalige [[ramp]] dy't feroarsake wurdt troch de [[natuer]]like prosessen fan 'e [[Ierde]]. Sa'n barren hat jammerdearlike gefolgen foar alle [[libben]]e [[organisme|wêzens]], wêrûnder [[minske]]n, dy't yn in troffen gebiet tahâlde. It kin resultearje yn (in protte) [[dea]]den en [[ferwûne]]n, en soarget ornaris foar in soad materiële skea, dy't net selden pas nei jierren hielendal wer bymakke is. De materiële skea soarget op syn beurt foar [[ekonomy]]ske skea, mei't men meastal gjin [[jild]] fertsjinje kin salang't alteast in diel fan 'e materiële skea net ferholpen is. As sa'n selde jammerdearlik barren plakfynt yn in gebiet dêr't (frijwol) nimmen wennet, sil it net gau in natoerramp neamtneamd wurde, fanwegen it simpele feit dat as kritearium foar in natoerramp yn it foarste plak jildt dat der in protte minsken troch troffen wêze moatte.
 
Natoerrampen kinne yndield wurde yn twa [[kategory]]en. Natoerrampen troch eksogene krêften wurde feroarsake troch natoerferskynsels yn 'e [[atmosfear]]. Dêrby kin men tinke oan in [[orkaan]], in [[tornado]], in [[oerstreaming]], in [[drûchte]], in [[hjitteweach]] of in [[natoerbrân]] (dy't ûntstiet troch in [[wjerljocht]]ynslach of troch drûchte). Natoerrampen troch endogene krêften komme fanút de [[Ierde]] sels. Dêrby kin men tinke oan in [[ierdbeving]], in [[ierdferskowing]], in [[fulkaanútbarsting]], in [[berchstoarting]], in [[lahar (fulkanology)|lahar]] (dreklawine), in [[lawine]], in [[rotslawine]] of in [[tsûnamy]]. Guon seldsume natoerrampen, lykas [[meteoarynslach|meteoarynslaggen]] en [[sinneflam]]men, litte har min kategorisearje.