Baly: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
 
Rigel 3:
 
== Taal ==
[[Ofbyld:Bali panorama.jpg|thumb|In [[Rys|rysfjild]] op Baly]]
[[Ofbyld:Bali's Gunung Agung seen at sunset from Gunung Rinjani.jpg|thumb|De fulkaan Gunung Agung]]
De lânseigen taal is it Balineesk (''Basa Bali''), in [[Maleisk-Polynezyske talen|Maleisk-Polynezyske taal]] dy't nau besibbe is oan it [[Sasak (taal)|Sasak]] dat op Lombok sprutsen wurdt. It Balineesk wurdt ek sprutsen yn [[Banyuwangi]], in plak oan 'e eastkust fan Java. Yn totaal hat it Balineesk likernôch fjouwer miljoen sprekkers, dêr't de measten fan op Baly wenje. It Balineesk wurdt tradisjoneel skreaun yn in skrift dat ôflaat is fan it [[Brahmi-skrift]], dat oant de [[Midsiuwen]] yn [[Yndia]] brûkt waard. ''Basa Bali'' hat trije nivo's, dy't te krijen hawwe mei it [[kastesysteem]] fan it hindoeïsme. It kastesysteem kin sjoen wurde as in stelsel fan sosjale klassen.
 
It kastesysteem kin op Baly ûnderferdield wurde ynhat 4 kasten, fan heech nei leech:
* Brahmana, de kaste fan 'e [[pryster]]s.
* Ksatria, de kaste fan 'e [[kening]]en en [[adel]]stân.
Line 27 ⟶ 29:
Mei in oerflak 5561km² is Baly it 108ste eilân fan 'e wrâld, krekt wat grutter as de [[Nederlân|Nederlânske]] provinsje [[Gelderlân]]. De [[Nusa-eilannen]], dy't besúdeasten Baly lizze, falle bestjoerlik ek ûnder de provinsje Baly.
 
It heechste punt op Baly is de [[fulkaan]] [[Gunung Agung]] mei 3142 meter.
 
Yn it westen wurdt Baly skaat fan Java troch de [[Balystrjitte]] en yn it easten wurdt it skaat fan Lombok troch de [[Lombokstrjitte]]. Trochdat de Balystrjitte op syn smelst mar 2,4 kilometer mjit, hat Baly yn it ferline wolris oan Java fêstsitten. Dat betsjut dat de [[natuer]] op Baly en Java ferlykber is. De natuer op Lombok is bot oars; troch de bredere Lombokstrjitte rint ek de saneamde [[Wallaceline]], in tinkbyldige line dy't as skieding fan [[Azië]] en [[Oseaanje|Oseänië]] sjoen wurdt. Bewesten en benoarden dy line wurde diersoarten besibbe oan Aziatyske bisten fûn, wylst besuden en beëasten dy line soarten fûn wurde dy't besibbe binne oan [[Austraalje (lân)|Australyske]] bisten.