Esther de Boer-Van Rijk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kt
red
 
Rigel 19:
 
==Biografy==
Esther van Rijk sette al betiid út einútein mei sypljenspyljen by amateurferienigs. Hoewol'rt har [[âlden]] lang besocht hawwe it tsjin te hâlden, makke se yn 1873 dochs de oerstap nei it profesjonele toaniel. Se [[debút|debutearre]] yn Rotterdam mei in rol yn ''Emma Berthold'' fan [[Jacob Jan Cremer]]. Yn 1881 ferhuze se nei Amsterdam. By de [[Nederlandsche Toneel Vereeniging]] en de opfolger dêrfan [[De Toneelvereeniging]] waard se de sintrale figuer fan de [[toanielstik]]ken fan [[Herman Heijermans]], fral as de [[fisker]]s[[widdo]] 'Kniertje' yn ''[[Op Hoop van Zegen (toanielstik)|Op Hoop van Zegen]]'' ([[1900]]). Dy rol hat se 1200 kear spile. Teffens die se mei yn de ferfilmingen fan ''Op Hoop van Zegen'' yn [[1918]] en [[1934]]. Yn hast alle stikken fan Heijermans spile hja by de [[premiêre]] en tal fan kearen dêrnei.
 
Nei't De Toneelvereeniging opheft wie waard se de publyklûker fan toanielselskippen mei har namme: yn 1924 waard it ''Gezelschap Esther de Boer-Van Rijk'' oprjochte en yn 1933 it ''De Boer-Van Rijk Ensemble''. Dêrnjonken hat se yn alle wichtige selskippen fan har tiid spile, ek yn it bûtenlân. Yn in [[Londen]]ske opfiering makke se in soad yndruk as Kniertje, wylst se dy rol yn it NederlânsjNederlânsk spile (yn in fierders Ingelskstalige [[cast]]). De Boer har populêren wie grut, mei omdat har spyljen bydroegen hie oan it opheffen fan misstannen (bygelyks yn de fiskerij) dy't in sosjaal belutsen Heijermans yn syn stikken op it aljemint brocht. Neffens kritisy wie hja by steat en jou sels oan sentimintele rollen yn drakerige toanielstikken in kearn fan earnst en wiers mei.
 
By gelegenheid fan har 70e jierdei beneamde de gemeente Amsterdam har yn 1923 ta 'burgeres van verdienste' en krige hja in sulveren earemedalje. Yn 1928 waard se [[Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau]] en yn 1929 Ridder in de Kroanoarder fan België.