Slach by Salamis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 10:
Temistokles hie in tûk plan makke om de Perzen foar de gek te hâlden. Hy stjoerde in soldaat nei de Perzyske kening [[Kserkses I]] dy't him foardie as oerrinner en bewearde dat de Griken fia de smelle [[Strjitte fan Megara]] besochten te flechtsjen. De Griken leinen yn werklikheid te wachtsjen yn de baai by it eilân Salamis. Kserkses skiede dêrop syn fleat yn twaën en stjoerde beiden der op út, de iene helte soe de Grykske fleat opwachtsje by de Strjitte fan Megara, de oare moast fia Salamis de Griken fuortjeie. No't de Perzyske fleat yn twaën skieden wie koenen de Grieken de Perzen folle makliker oan. Boppedat wienen sy yn it foardiel trochdat de Perzen der net op betocht wienen.
 
Doe't de Perzyske fleat de baai fan Salamis by del farde, foelen de Griken oan en ferneatigen de skippen fan de Perzen. Dêrnei foelen sy de oare helte fan de Perzyske fleat oan. Allinnich in lyts eskader koe op tiid fuortkomme. Dat wienen 5 skippen ûnder befel fan admiraal-keninginne [[Artemisia]] fan [[KaryëKarye]] yn [[Lyts-Aazje]]. Yn it nau dreaun troch de Griken foelen sy in Perzysk skip oan. De Griken holden har foar in bûnsmaat en lieten har gewurde. Hjirtroch koenen sy flechtsje.
 
Neidat er de slach ferlern hie luts de Perzyske kening him foargoed werom út Grikelân en de rest fan it [[Middellânske See]]-gebiet.