Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 89:
Wat opfalt oan de doarpen Terkaple-Eagmaryp is dat der in hele soad boeren wennen en dat der oer it generaal noch in soad hânwurk dien waard; minsken wienen bakker (Beetstra), ferver (Landstra) of timmerman (Riemersma). Fierder wennen der in pear ûnderwizers (P. Bus fan de iepenbiere legere skoalle en Jac. Wester fan de kristlike legere skoalle), in “brievenbesteller” (C. Wijma) en minsken dy’t op it molkfabryk wurken as stoker (S. Adema), sentrifugist (R. Agema) of sels direkteur wienen (A. Schiere). En der wienen fansels in soad winkels. It wie in earmoedige tiid en as byfertsjinst hienen guon minsken der in winkeltsje by, meast krudenierswaren. Je hoechden yn dy tiid ek noch gjin middenstân te heljen foardat je begjinne koenen mei in winkel.
 
Der sille om dy tiid in 12 winkels west hawwe. Yn it hûs fan Sander Brink siet in krudenierswinkel dêr’t men ek naaierij - fournituren ferkocht, dan in krudenierswinkel yn it hûs fan Jaap Haasjes, de grientewinkel fan Hoekstra, in krudenierswinkel yn it hûs fan Cor v. Oosterom, bakker Beetstra yn it hûs fan Dirk de Ridder, yn it hûs fan Karel v.d. Kaaden wienen galanteryëngalanteryen/kopkes en pantsjes te keap, yn it hûs fan Sibbele Sikkes wie in krudenierswinkeltsje op’e souder, yn it hûs fan Germ Hooisma wie in krudenierswinkel, op’e Pôle siet in tabakswinkel, yn it hûs fan Piter Bokma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Tjitske Douma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Feike Lefferstra wie op’e souder in krudenierswinkeltsje.
En dan wienen der yn de wiken foar Sinterklaas noch froulju, foaral widdowen, dy’t mei in saneamde Sinteklazekoer rûnen. Dêr sieten allegearre lekkernijen yn sa as spekulaas en taaipoppen.
Drank mocht net ferkocht wurde yn dizze tiid; men ferkocht it dus stikem. Under oaren yn de winkel fan Chris v.d. Meulen (hûs Sander-Rolien). Op in dei kaam dêr de plysje en frege: “ferkeapje jimme ek drank?” “Nee fansels” No de plysje woe dochs even sjen en rûn streekrjocht nei de wc dêr’t de drank yn in kastje ferstoppe siet. Chris v.d. Meulen wie dus ferret troch immen en krige in bekeuring.