Sittende Bolle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 34:
== Tuskenspul ==
[[Ofbyld:Sittingbull1883.jpg|right|thumb|200px|Sittende Bolle yn [[1883]], yn [[Pierre (Súd-Dakota)|Pierre]], yn [[Súd-Dakota]], ûnderweis fan [[Fort Randall]] nei it [[Standing Rock-agintskip]].]]
De Hûnkpapa-troep fan Sittende Bolle gie oan 'e ein fan 'e 1860-er en it begjin fan 'e 1870-er jierren troch mei it dwaan fan oanfallen op forten en groepen kolonisten. Doe't de ''[[Northern Pacific Railway]]'' yn [[1871]] lânmjittings ferrjochtsje liet foar in spoarferbining dwers troch de noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] hinne, ûnderfûnen se dêrby in fûleindich ferset doe't se troch it lân fan 'e Hûnkpapa moasten. In jier letter waarden de lânmjitters fannijs útstjoerd, diskear ûnder beskerming fan it Amerikaanske leger, mar Sittende Bolle en syn Hûnkpapa foelen it selskip likegoed oan, en jagen it op 'e flecht. Yn [[1873]] besochten de lânmjitters it jitris, no as ûnderdiel fan 'e grutte [[Yellowstone-ekspedysje (1873)|Yellowstone-ekspedysje]], mar de Hûnkpapa beaënbeaen steech ferset. Troch de [[Bankekrisis fan 1873]] rekke de ''Northern Pacific Railway'' finansjeel yn 'e nederklits, en it projekt waard doe foarearst stillein.
 
Lykwols, yn [[1874]] ûntstie der belangstelling foar de mooglikheid dat der yn 'e Black Hills [[goud]] te finen wie. Generaal [[George Armstrong Custer]] late in [[Ekspedysje nei de Black Hills]] út [[Fort Abraham Lincoln]] wei (by [[Bismarck (Noard-Dakota)|Bismarck]], yn Noard-Dakota), dy't yn 'e heuvels op 'e sneup gie nei goud en omseach om in gaadlik plak om in fort oan te lizzen. Doe't Custer weromkaam en mei útset lûd ferkundige dat der yn 'e Black Hills yndie goud wie, lokke er dêrmei de [[Goudkoarts fan de Black Hills]] út. De spannings tusken de blanken en de Sû rûnen op doe't fan gefolgen tûzenen goudsikers har op it lân bejoegen dat ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie oan 'e Sû taparte wie.