Thomas Tibbles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 30:
As [[redakteur]] fan 'e [[krante]] de ''[[Omaha Daily Herald]]'', út 'e stêd [[Omaha (Nebraska)]], wie de rol fan Tibbles yn [[1879]] fan krúsjaal belang foar it buorkundich meitsjen fan 'e swierrichheden dêr't it [[Ponka (folk)|Ponka]]-[[opperhaad]] [[Steande Bear]] en syn folgelingen yn ferkearden. De Ponka wiene yn [[1877]] út harren heitelân yn noardeastlik [[Nebraska]] wei [[deportaasje|deportearre]] nei it [[Yndiaanske Territoarium]] (it lettere [[Oklahoma]]), dêr't se ûnder strieminne omstannichheden libje moasten, wylst in trêdepart fan 'e stamme omkaam oan [[malaria]] en [[ûnderfieding]]. Doe't it opperhaad Steande Bear mei 65 folgelingen weromkearde nei Nebraska, waarden se yn opdracht fan it Amerikaanske regear oppakt troch it [[Amerikaanske Leger]] ûnder lieding fan [[brigadegeneraal]] [[George Crook]]. Hoewol't dyselde oarders hie om 'e Yndianen sa gau mooglik werom te stjoeren nei it Yndiaanske Territoarium, trainearre er de saak mei opsetsin en liet er it útlekke oan Tibbles, dy't soarge dat der omtinken oan skonken waard yn 'e kranten.
 
Dêrtroch draaide it spul út op in opsjochjaande [[rjochtsaak]] mei de namme ''[[Standing Bear v. Crook]]'', wêrby't Steande Bear mei help fan 'e [[abbekaat|abbekaten]] [[John L. Webster]] en [[Andrew J. Poppleton]], dy't harren tsjinsten nei oanlieding fan Tibbles syn [[artikel (publikaasje)|artikels]] fergees oanbeaënoanbeaen, de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal Crook oanklage foar ûnrjochtlike finzenname. [[Rjochter]] [[Elmer S. Dundy]] die yn [[maaie]] [[1879]] de útspraak dat Yndianen (oars as oant dy tiid oannommen waard) wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske [[wet]] beskôge wurde moasten, en dat se dus net sûnder juridyske ûnderbouwing yn 'e hechten set wurde koene.
 
Tibbles [[houlik|troude]] letter mei [[Susette LaFlesche]], in Omaha-Yndiaanse dy't ûnder de rjochtsaak as [[tolk (berop)|tolk]] foar Steande Bear fungearre hie. Mei har en har broer [[Francis LaFlesche]] beselskippe Tibbles it Ponka-opperhaad fan [[oktober]] [[1879]] oant [[1883]] op in rûnrêis troch de eastlike [[Feriene Steaten]] en [[Jeropa]], dêr't er [[lêzing]]s joech en [[taspraak|taspraken]] hold. Begjin [[jannewaris]] [[1891]] wie Tibbles by [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], yn [[Súd-Dakota]], tsjûge fan 'e neisleep fan it kweaferneamde [[Bloedbad fan Wounded Knee]], wêrby't it [[Amerikaanske Leger]] ûnder barre [[winter]]ske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske [[geastedûns]]beweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast [[frou]]lju en [[bern (persoan)|bern]]. Tibbles wie ien fan 'e earste sjoernalisten dy't ferslach diene fan dy [[oarlochsmisdie]].