Jan Hendrik Oort: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Vysotsky (oerlis | bydragen)
Keppeling om utens
L fl
Rigel 5:
 
== 1900-1940 ==
Oort waard berne yn [[Frjentsjer]], mar ferhuze al ier nei [[Oegstgeest]]. Yn [[1917]] gie hy studearjen oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] by [[Jacobus Cornelius Kapteyn]]; hy helle hjir yn [[1921]] syn [[doktoraaleksamen]] yn de [[astronomy]]. Nei syn ôfstudearjen bleau hy noch in jier by dizze universiteit yn de funksje as ûndersyksassistint, mar wurke d6erneidêrnei twa jier by it [[Stjerrewacht|observatoarium]] fan de [[Yale-universiteit]] ([[Connecticut]], [[Feriene Steaten|FS]]). Yn [[1924]] waard hy troch [[Willem de Sitter (wittenskipper)|Willem de Sitter]] nei de [[Universiteit Leien|Ryksuniversiteit Leien]] helle. Hjir gie hy wurkjen by de [[Stjerrewacht Leien|Leienske Stjerrewacht]], om dêr de rest fan syn libben te bliuwen (útsûndere koarte perioades fan sabbatsjierren en yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]). Yn [[1926]] [[Wittenskiplike promoasje|promovearre]] hy ''[[cum laude]]'' oan de Ryksuniversiteit Grins by [[Pieter van Rhijn]] op it [[proefskrift]] titele "The stars of high velocity".
 
Oort fûn yn [[1927]] it bewiis foar de teory fan [[Bertil Lindblad]] dat de [[Molkwei (stjerrestelsel)|molkwei]] rotearret. Hy die dat troch de beweging fan fiere stjerren te analysearjen. Oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn [[1930]] [[lektor]] en neidat de Deen [[Ejnar Hertzsprung]] nei it hommelske ferstjerren fan De Sitter yn [[1934]] [[heechlearaar]]/direkteur fan de Leienske Stjerrenwacht wurden wie, krige Oort in beneaming as heechlearaar. Syn [[Ynaugurele rede|oraasje]] yn [[1935]] hie de ienfâldige titel "De bou fan de stjerrestelsels". Yn de jierren tritich en fjirtich waard syn belangstelling wekt foar [[Radiogolf|radiostrieling]] yn it hielal.