Stedssilhûet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 3:
In '''stedssilhûet''', meast bekend ûnder [[Ingelsk]]e term '''''skyline''''', kin it best útlein wurde as it profyl fan in [[stêd]] mei oer it algemien hege bebouwing of oare stedske struktueren. It kin ek beskreaun wurde as de keunstmjittige hoarizon fan in stêd. Benammen [[wolkekliuwer]]s en oare yn it each springende gebouwen binne in belangryk part fan in stedssilhûet. De stedssilhûet foarmet faak it skaaimerk fan in stêd.
 
Yn [[Nederlân]] is [[Rotterdam]] is meast ferneamd as it giet om de stedssilhûet fan in stêd. It is ien fan de wichtichste heechboustedenheechboustêden fan [[Jeropa]]. Oer de hiele wrâld hat [[Hongkong]] de measte heechbou, dêr steane 7.659 registrearre heechhûsen, dan [[New York City]] mei 5.571 en [[São Paulo (stêd)|São Paulo]] mei 4.803 hege gebouwen (útsein telefyzjetuorren, stadions, tsjerken en moskeeën).
 
De Amearikaanske stêd [[Chicago]] wurdt wol sjoen as it berteplak fan de wolkekliuwer, omdat hjir yn [[1885]] mei de bou fan it ''Home Insurance Building'' it earste gebou mei staalskelet boud is. Chicago hat ek lange tiid it heechste gebou fan de wrâld hân mei de [[Willis Tower]], foarhinne de [[Sears Tower]], dat in hichte fan 442,3 meter hat.