Slach by Adrianopel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 7:
 
== De slach ==
De RomeinseRomeinske keizer [[Falens]] fierde sels it befel oer it Romeinske leger dat út likernôch 12.000 oant 15.000 soldaten bestie. It advys fan syn riedsmannen om te wachtsjen op fersterkings sloech hy yn de wyn. Hy miende him foarôf al oerwinner. De Goaten wienen by dizze fjildslach yn de mearderheid, alhoewol dizze mearderheid wierskynlik letter troch Romeinske skiednisskriuwers oerdreaun is. By it earste treffen wie de Goatyske (swiere) [[kavalery]] sels hielendal net oanwêzich, omdat dizze de moarns tefoaren it kamp ferlitten hie. De efterbleaune Goatyske ynfantery hie har ferskânze yn in saneamd 'Laager', in sirkel fan weinen. Doe't de Romeinen der net yn slaggen om dizze ynfantery te ferslaan kearde de striid him tsjin de Romeinen troch de komst fan de werom roppen Goatyske kavalery.
 
De slach sels barde yn de heuvels by de [[stêd]]. It Romeinske leger rekke al gau ynsletten troch de nûmerike sterkere tsjinstanner en úteinlik einige de striid yn in ferskuorrende nederlaach foar de Romeinen. De oerwinning wie folslein omdat keizer Valens sels by de deaden hearde. Amper in tredde fan de Romeinen soe de slach oerlibje.