Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
fl: út de rige klassikers: 'u -> ú
 
Rigel 1:
It '''wurd''' is it lytste selsstannich brûkte [[taal]]elemint dat op it nivo fan de [[sprektaal]] opboud is út [[foneem|klanken]] en op it nivo fan de [[skreaune taal]] út [[letter]]s. Sûnt [[Ferdinand de Saussure]] is bekend dat it 'wurd' skieden is fan it konsept. It is dêrom net goed om te stellen dat in wurd de lytste ienheid fan betsjutting wêze soe: de relaasje tusken ideeën en wurden is nammmentlik frij willekeurich.
 
In oare definysje fan "wurd" is de lytste [[psychology]]sk-[[taalkunde|taalkundige]] ienheid yn de taal dy't op himsels stean kin, oars as it [[bûne morfeem]]. In wurd bestiet út minimaal ien [[frij morfeem]] en nul of mear bûne morfemen. Yn de praktyk is it in opienfolging fan oan elkoar skreaune [[letter]]s, wêroan in troch konvinsje oerienkomde betsjutting ferbûn is. Dit betsjut net dat in wurd per definysje in 'betsjuttingdragende' ([[semantyk|semantyske]]) ienheid is, want de dielen wêr'utwêrút it gearstald is hawwe op harsels ek in betsjutting: de [[affiks]]en ''be-'', ''fer-'', ''-en'' ensfh. hawwe ellegear in eigen betsjutting.
 
De betsjutting fan [[lekseem]] komt frijwol oerien mei dy fan wurd. De term lekseem wurdt lykwols spesifyk brûkt om it wurd te ûnderskieden fan de betsjuttingsfolle ienheden op leger nivo, ofwol de bûne morfemen.