Joseph Haydn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 10:
Yn [[1760]] wurdt hy kapelmaster by [[Grevee Esterhazy]] yn [[Eisenstadt]]. Haydn krige in permanint orkest ta syn foldwaan. Dit wie foar him in goede omjouwing om in soad wurken ôf te leverjen. Stadichoan waard Haydn ferneamder. Hy krige útnûgingen fanút de hiele wrâld lykas [[Parys]], [[Amsterdam]], [[Leipzich]], de [[Feriene Steaten]], [[Spanje]] en [[Itaalje]].
 
De ferneamdheid kaam him goed fan pas yn [[1790]]. De greve gie dea en de kapel waard ûntbûn. Hy krige in aardich pinsjoen mei en hy mocht de titel kapelmaster behâlde. Hy fêstige him as frije keunstner yn Wenen. Op oantrunen fan de fioelist en [[ympressario]] Salamon ûndernaam hy twa reizen nei [[Ingelân]]. Syn [[Londen]]ske symfonyen waarden tige goed ûntfongen. It IngelseIngelske hof woe him graach sjen. Ek krige hy it earedoktoraat fan Oxford. Op syn earste weromreis moete hy de jonge [[Ludwig van Beethoven]], dy’t him folget nei Wenen foar muzyklessen. Echt freonen binne it noait wurden.
 
Yn syn lêste libbensjierren komponearre hy syn twa belangrykste oratoria’s: "Die Schopfung" en "Die Jahreszeiten". Foar syn dea koe hy yn de krante syn eigen namme lêze by de rou-advertinsjes. Troch in namme wikseling fan de krante mei syn broer wurdt hy dea ferklearre. Dêrom krige er ek gjin útnûging foar de routsjinst yn Parys. Sels stoar hy in pear jier letter tidens it bombardemint fan [[Frankryk]] op Wenen op [[31 maaie]] [[1809]].