Eastfrysk (Nederdútsk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 11:
 
== Skiednis ==
De oarspronklike taal tusken [[Lauwers]] en [[Wezer]] wie it [[Aldfrysk]]. Sûnt de [[15e iuw]] waard it [[Middelnederdútsk]] hieltyd belangriker yn Eastfryslân. [[Ubbo Emmius]] skriuwt oan 'e ein fan de 16e iuw oer it Aldfrysk as de taal fan Eastfryslân, mar liket dan al yn grutte dielen fan Eastfryslân ferdwûn.<ref>[[Marron Fort]]. 2015. ''Saterfriesisches Wörterbuch.'' Yn it foarwurd.</ref> Om 1600 binne grutte dielen fan Eastfryslân oergong op it Eastfrysk Plat, in eigen fariant fan it Nederdútsk. Der binne om 1600 hinne noch wat Fryske taaleinlantsjes yn [[Harlingerlân]], [[Sealterlân]], [[Lân Wûrsten]] en [[Wangereach]].<ref>''Der Niedergang des friesischen zwischen Lauwers und Weser''. Yn: ''Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies''. Side 432. 2001</ref> Om 1700 hinne stjert de Fryske taal yn it Lân Wûrsten út, om 1800 yn it Harlingerlân en om 1950 hinne stjert ek it Wangereachsk út. It Sealterfrysknije isMiddelnederdútsk itwaard lêstestadich relikttroch hieltyd gruttere dielen fan de oarspronklikebefolking Fryskeoernommen, mar de nije taal waard ek bot beynfloede troch it Frysk. Sels de dialektskieding fan it Iemsfrysk en Wezerfrysk, dy't der yn it Aldfrysk wie, is hjoed-de-dei ek yn it Eastfrysk Plat oanwêzich.
 
It nije Middelnederdútsk waard stadich troch hieltyd gruttere dielen fan de befolking oernommen, mar de nije taal waard ek bot beynfloede troch it Frysk. It Eastfrysk Plat hie net allinnich in sterk Frysk substraat, mar behold ek in protte âlde Middelnederdútske[[Middelnederdútsk]]e wurden dy't yn oare Nederdútske dialekten net bewarre waarden. It Middelnederdútsk dat nei Eastfryslân kaam is in westlike fariant fan it folle gruttere Nederdútske taalgebiet, dêrom binne der ek Westfaalske ynfloeden yn de taal oanwêzich.
 
Yn de [[Reformaasje]] waarden grutte dielen fan Eastfryslân evangelysk. Eastfryslân luts in protte religieuze flechtlingen út [[de Nederlannen]] oan en dêrmei begûn de ynfloed fan it [[Nederlânsk]] op it Eastfrysk Plat. Oan 'e 19e iuw ta bleau it Nederlânsk de tsjerketaal yn it súdwesten fan Eastfryslân. Dêrneist wie de ôfstân ta it Nederlânske taalgebiet fan belang foar de ûntwikkeling fan it Eastfrysk Plat, want de talen wienen konstant mei elkoar yn kontakt. Yn de [[Frânske tiid]] hearde [[Eastfryslân]] by it [[Keninkryk Hollân]] en it Eastfrysk Plat hat doe frijwat Frânske wurden út it [[Frânsk]] opnommen.
 
== Tal sprekkers ==
Troch hegere ynfloed fan it [[Dútsk|Heechdútsk]] nimt it tal sprekkers njonkelytsen ôf. Likernôch 50% fan de [[Eastfriezen]] kin Eastfrysk Plat ferstean en prate. Under de jeugd kin likernôch 20 persint Eastfrysk Plat prate, en 50 persint fan de jongerein kin it ferstean.<ref>Deutsche Welle: [http://www.dw.de/dat-platt-soll-bleiben/a-4701074 Dat Platt soll bleiben]</ref>
 
== Leksikale ferskillen mei it Nederdútsk ==
== Foarbylden ==
It Eastfrysk Plat ferskilt in soad fan de oanbuorjende Nederdútske dialekten, útsein it [[Grinslânsk]]. Sa is der it bekende ferskil fan ''proten'' ynstee fan ''snacken'', ''tûn'' ynstee fan ''gaarn'' en ''mōj'' ynstee fan ''schön/scheun'', ensafh.
 
{| class="wikitable"
!Frysk
Line 77 ⟶ 81:
|}
 
== Grammatikale ferskillen mei it Nederdútsk ==
===Frysk substraat===
=== Haadwurden ===
==== Meartalsfoarming ====
Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in ''-en'' taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal ''-et'' of ''-t'', soms wurdt der yn it Nederdútsk gebrûk makke fan de [[Umlaut]] om it meartal oan te jaan. It wurd 'beam' hat yn it Eastfrysk Plat de meartalsfoarm ''Bomen'' en yn de measte Nederdútske dialekten is it ''Bööm''.
 
==== Ferlytsing ====
Krekt as yn it Nederlânsk en Westlauwersk Frysk brûke ek de sprekkers Eastfrysk Plat gauris in ferlytsingswurd. De ferlytsingssuffiksen binne ''-je'', ''-tje'' en ''-ke''. Bgl. ''Footjes'' = fuotsjes, ''Kluntje'' = sûkerklontsje, ''Lüüntje'' = [[Swelfûgels|sweltsje]] (Passer domesticus), ''Tüütje'' = hintsje. Yn it Grinslanner Plat hawwe se deselde wurden: ''voutjes (vout)'', ''klontje (klont).'' ''luntje (lunt).'' ''tuutje (tuut)''.
 
=== Foarnamwurden ===
By de foarnamwurden wurdt ''hör'' (har) brûkt ynstee fan it Nederdútsk ''eer'' en ''hüm/hum'' (him) foar it Nederdútske ''eem''.
 
=== Tiidwurden ===
Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in ''-en'' taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal ''-t''. Eastfrysk Plat: ''Wir kom'''en''''', Nederdútsk: ''wi koom'''t'''''.
 
== List mei Fryske substraatwurden ==
It Frysk tusken [[Lauwers]] en [[Wezer]] hat allinnich yn it [[Sealterlân]] oerlibje kind. Dochs binne der yn it Eastfrysk ek frijwat oarspronklik Fryske wurden bewarre bleaun. Yn de list hjirûnder wurde Eastfryske wurden ferlike mei Fryske wurden dy't op skrift oerlevere binne út it [[Harlingerlân]], [[Lân Wûrsten]] en it eilân [[Wangereach]]<ref>Haider, Horst / Århammer, Nils / Faltings, Volker / Hoekstra, Jarich / Vries, Oebele / Walker, Alastair / Wilts, Ommo : Handbuch des Friesisch - Handbook of Frisian Studies; Niemeyer Verlag 2001 </ref> :