Maya's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 13:
Sûnt de jierren santich hawwe in soad Maya's har ta it [[protestantisme]] bekeard; ûnder de Maya's in Guatemala en Chiapas binne no mear protestanten as katoliken. Benammen it [[evangelikaal kristendom]] en [[pinkstertsjerke]]en binne populêr. Dizze feroaring is net ûnomstriden.
 
Yn de tiid fan de 'violencia' waard it wurk fan Noard-AmerikaanseAmerikaanske protestantse sindelingen troch de moarddiedige Guatemalteeske oerheid stipe, wylst progressive rooms-katolike prysters ferfolge waarden. In soad âlde (meinskips)tradysjes sille ûnder ynfloed fan it anti-ritualistyske protestantisme ferdwine, al hat dit it foardiel dat protestantse Maya's de faak djoere mienskipsplichten net mear hoege te dwaan en sa ta ekonomyske ûntwikkeling komme kinne.
 
Ek foar it bestriden fan [[alkoholisme]] skynt de bekearing ta it protestantisme fan in soad Maya's in posityf effekt hân te hawwen. Op guon plakken is it ta geweldsútbarstings komd tusken katolike en protestante Maya's.