Paula Hitler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Паула_Гитлер.jpg" is op Commons fuorthelle Srittau om't: per c:Commons:Deletion requests/File:Паула Гитлер.jpg.
L st
 
Rigel 4:
Nei it ferstjerren fan harren mem, joech Adolf Hitler syn part fan it wezepinsjoen oan syn suster. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] en de jierren dêrnei hiene sy gjin kontakt mei elkoar. Fan 1929 ôf hiene hja alle jierren kontakt, meast by grutte [[nazi]]-eveneminten. Yn 1936 stelde Adolf har út har namme te feroarjen yn Paula Wolff (Adolf Hitler syn bynamme yn syn jonkheid wie Wolf). Paula Hitler waard fan har broer stipe fan de iere jierren tritich oant syn dea april 1945.
 
Paula Hitler die administratyf wurk yn in militêr sikehûs oant de ein fan de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Sy waard troch de Amerikanen maaie 1945 arrestearre en letter yn dat jier wer frijlitten. Sy sei dat hja net leauwe koe dat har broer ferantwurdlik wie foar de [[Holocaust]]. De AmerikaanseAmerikaanske ynljochtingetsjinst ferklearre dat út de loyaliteit fan in suster foar har broer oer. Nei't hja frijkaam wie ferfear Paula Hitler nei [[Wenen]], dêr't hja oan it wurk gie yn in keunst- en ambachtswinkel. Yn 1952 ferhuze hja nei [[Berchtesgaden]], nei in twakeamerappartemint, dêr't hja wenne oant har dea. Sy hat nea troud west en hie gjin bern.
 
Yn 2005 waard ûntdutsen dat Paula Hitler fersein wie oan [[Erwin Jekelius]], in wreedferneamde Weenske dokter, dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan 4000 geastlik- en lichaamlikbeheinden.<ref>[http://www.fpp.co.uk/Hitler/Paula/diary_found.html Paula Hitler's Journal Discovered], The Guardian, 6 augustus, 2005</ref><ref>Oliver Halmburger und Thomas Staehler: ''Familie Hitler. Im Schatten des Diktators.'' Dokumentarfilm. Unter Mitarbeit von Timothy Ryback und Florian Beierl. München: Oliver Halmburger Loopfilm GmBH u. Mainz: ZDF-History 2005.</ref><ref>[http://www.trouw.nl/krantenarchief/2005/08/12/2332790/De_familie_Hitler.html De familie Hitler] De dokumintêre is basearre op it sneupen fan de skiedkundigen Timothy Ryback en Florian Beierl. Sy fûnen ûnder mear it deiboek fan Paula Hitler. Trouw, 12 augustus 2005</ref>. It houlik gie net troch fanwege Hitler, dy't it better talike dat syn suster net trouwe soe. Doe't Jekelius nei Berlyn reizge om Hitler de hân fan syn suster te freegjen, waard er ûnderweis troch de [[Gestapo]] oanholden. Hy waard nei it [[Eastfront (Twadde Wrâldkriich)|eastfront]] stjoerd, waard fan it [[Reade Leger]] fêstset en stoar as finzene yn 1952. Der binne oanwizings dat Paula Hitler de Dútsk-nasjonalistyske ideeën fan har broer dielde, mar hja hat nea polityk aktyf west.