Tonny de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 3:
 
==Biografy==
Tusken [[1996]] en [[2002]] wûn De Jong mear as ien kear de gouden medalje op de langere ôfstannen by de [[Nederlânske Kampioenskippen Reedriden Froulju Ofstannen|Nederlânske kampioenskippen]]. Yn [[1997]] waard hja ûnferwachts [[Europeeske kampioenskippen Reedriden Oer Alles foar Froulju|Europeesk kampioene]] allround. Dat hie se mei te tankjen oan it feit dat se as earste goed oerwei koe mei [[klapreed|klapredens]]. Tony de Jong wie trije kear de bêste op it [[Nederlânske kampioenskippen Reedriden Oer Alles foar Froulju|NederlanskNederlânsk kampioenskip Oer Alles]].
 
Tonny de Jong die fan 1994 oant en mei 2002 njoggen jier efterelkoar mei oan it WK Allround. Yn de jierren dat se Europeesk kampioene waard, [[Wrâldkampioenskip reedriden Allround 1997|1997]] en [[Wrâldkampioenskip reedriden allround 1999|1999]], waard se tredde op it WK Allround. Yn 1997 ferovere se op de 1500 meter de brûnzen en op de 5000m de sulveren ôfstânsmedalje. Yn [[Wrâldkampioenskippen reedriden allround 1998|1998]] ferovere se har tredde, en lêste, ôfstânsmedalje op it WK Allround, brûns op de 5000 meter. Yn 1999 stie se as twadde frou, nei [[Trijnie Rep]] yn 1973, op it earepoadium fan it WK Allround sûnder in ôfstânsmedalje op it kampioenskip ferovere te hawwen.