Brân fan de Notre-Dame fan Parys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 6:
De brân ûntstie op in momint dat de [[katedraal]] renovearre waard en in diel fan it gebou yn 'e stegers stie. Al gau stie in grut part fan it dak fan de katedraal yn 'e lôge, it measte noch boppe de [[Krusing (tsjerke)|krusing]]. Om 19:50 oer stoartte de 19e-iuwske [[Krusing (tsjerke)|krusingstoer]] fan [[Eugène Viollet-le-Duc]] yn en letter yn 'e jûn ek grutte dielen fan it dak, dat foar in part 13e-iuwsk wie en balken hie fan beammen dy't noch út de 8e iuw datearren. Fanwegen de grutte hichte fan de brân wie it lestich foar de brânwar om de brân ûnder kontrôle te krijen en lang wie der noed dat it hiele gebou ferlern gyng. It like efkes nuodlik foar de noardlike muorren te wurden mar oan it ein fan de jûn die bliken dat de beide westlike tuorren en de gevel it rêde soene. De oare deis, op 16 april om 09:46, wie it fjoer lang om let hielendal dwêste.
 
De brân makke grutte yndruk yn en bûten Frankryk. De Frânske presidint [[EmannuelEmmanuel Macron]] sei ôfspraken ôf om sels by de katedraal de sitewaasje op te nimmen en fan rûnom út de wrâld lieten lieders fan lannen harren meilibjen witte.
 
Der wurdt fanút gien dat de brân net mei opsetsin stifte waard.