Amsterdamske Skoalle (boustyl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L Frysk
Rigel 7:
Yn de skiednis fan de [[boukeunst]] heart '''Amsterdamske skoalle''' ta it tiidrek fan de Moderne Boukeunst, dêr't ek ûnder oaren [[De Styl]], it [[Nije Bouwen]], de [[Chicago Skoalle (arsjitektuer)|Chicago Skoalle]] en it [[Ekspresjonisme]] rekkene wurde. Dizze boustyl kaam op tusken 1910 oant likernôch 1930 en is part fan de ynternasjonale ekspresjonistyske arsjitektuer, en wurdt somtiden ek wol yn ferbân brocht mei it Dútske bakstien-ekspresjonisme.
 
Dizze arsjitektuerstyl is útsoarte in reaksje op de saneamde [[neostilen]]. De eigen styl fan [[Hendrik Petrus Berlage|H.P. Berlage]] kin beskôge wurde as de basis fan de Amsterdamske Skoalle, hoewol't dizze in soberder karakter hat dan itjinge dat no yn dizze styl klassifisearre wurdt. Dêrom is de Amsterdamske Skoalle ek wer te sjen as in reaksje op it rasjonele wurk fan Berlage, en dan yn it bysûnder op de [[Beurs fan Berlage]], omdat it útgiet fan ekspressive en fantastyske foarmen, besibbe oan it [[Ekspresjonisme]]. Dat de Beurs fan Berlage heard uitdrukkelijkútdruklik net ta de Amsterdamske Skoallel, yn tsjinstelling fan wat in protte minsken tinke. De Beurs fan Berlage kin ek sjoen wurde as it begjin fan it Nederlânske [[Tradisjonalisme (arsjitektuer)|Tradisjonalisme]], dat oant de 1950er jierren bestien hat. Yn 1916 kritisearre [[Michel de Klerk]] de styl fan Berlage en omskreau er hoe't de nije styl fan bouwen (fan de Amsterdamske Skoalle) der út sjen moatte soe (Boukundich Wykblêd 45/1916).
 
== Wichtichste arsjitekten ==