Tábor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px<br> | Flagge= 100px| Wapen= [[File:Tabor CoA CZ.png|60px]..."
 
L red
Rigel 21:
 
== Skiednis ==
Nei de dea fan [[Jan Hus]] loek in radikale groep fan de hussiten út de stêd Sezimovo Ústí him op in tichtebylizzende berch werom, dêr't de boarch Klotnov stie. Hja ferneamden it plak nei de bibelske berch Tabor yn Galiléa en stiften in mienskip neffens it foarbyld fan de earste [[kristenen]]. Dy saneamde [[taboriten]] bouden oan in egalitêre mienskip sûnder besit en brûkten harren bolwurk om tsjin de [[Roomsk-Katolike TsjerkeTkatolikenTsjerke|katoliken]] te striidzjen.
[[File:Tabor (Merian).jpg|thumb|left|250px|<center>''Tábor (Matthäus Merian, 1650)''</center>]]
Yn 1437 krige Tábor de status fan in frije keninklike stêd mei privileezjes. Dêrmei ferlear Tábor it karakter fan in revolúsjonêr bolwurk en waard de stêd yntegrearre yn it doe besteande systeem. De stêd waard yn 1452 oernommen troch George fan Podiebrad en fanôf dy tiid krigen de mear skaplike [[útrakwisten]] fet op tsjerke en bestjoer fan de stêd. De hannelsrûte fan Linz oer [[České Budějovice]] nei Praach brocht de stêd yn de 16e iuw wolstân.
Rigel 34:
 
== It besjen wurdich ==
* It sintrale stedsplein Zizkovo Námestí wurdtbinne omfieme fanin grut tal monumintale boargerhûzen út de tiid fan de renêssânse omhinne.
* Op de noardwestlike hoeke fan Zizkovo Námestí stiet de neogoatyske Transfiguraasjetsjerke mei in hege klokketoer.
* Oan it plein stiet ek it 15e-iuwske stedhûs, dêr't tsjintwurdich it Hussitenmuseum yn ûnderbrocht is.