Bisdom Gurk-Klagenfurt

It bisdom Gurk (Latyn: Dioecesis Gurcensis, tsjintwurdich ek de Katolike Tsjerke fan Karinsje , Katholische Kirche Kärnten) is in roomsk bisdom fan de Eastenrykske tsjerkeprovinsje Salzburg. De biskopssit is yn Klagenfurt am Wörthersee en de grinzen fan it bisdom falle tegearre mei dy fan de dielsteat Karinsje.

Wapen bisdom Gurk

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1072 stifte aartsbiskop Gebhard fan Salzburg, tagelyk mei de Blasiusabdij fan Admont it bisdom Gurk as ien fan de earste Salzburger suffragane bisdommen. Dêrfoar liet er it troch Hemma fan Gurk stifte nonnekleaster opheffe, dat as materiele basis foar it bisdom tsjinje moast. De hillige Hemma jilt dêrom as ien fan de stifters fan it bisdom.

As earste biskop waard Günther von Krappfeld (1072–1090) wijd. De Gurker biskop wie ûnderhearrich oan Salzburg en net mear as in fikaris.

 
Domtsjerke fan Klagenfurt

Gurk wie en bleau in lyts bisdom mei beheinde rjochten. Lykas de biskoppen fan Chiemsee, Seckau en Lavant wie de belangrykste taak fan de Gurker biskoppen de aartsbiskop te fertsjintwurdigjen. Wylst dat foar oare biskoppen allinne gou yn de parochy's fan harren bisdom, hie de biskop fan Gurk it foarrjocht de aartsbiskop yn it hiele aartsbisdom te fertsjintwurdigjen.

De biskop hie syn residinsje net yn Gurk, mar yn it tichteby lizzende kastiel Strassburg. De biskop bleau dêr oant 1783 en dêrnei foar in skoftke yn it Slot Pöckstein.

Yn it ramt fan de herfoarmings ûnder keizer Joazef II waard it suffragane bisdom Gurk in selsstannich bisdom. De biskopssit ferhûze yn 1787 nei Klagenfurt en it grûngebiet fan it bisdom waard mei parochy's fan oare bisdommen foars útwreide. Sûnt in oare reorganisaasje yn 1859 falle de grinzen fan it bisdom tegearre mei dy fan de dielsteat Karinsje.

Organisaasje bewurkje seksje

It bisdom is ferdield yn 24 dekanaten, dêr't meiïnoar 336 parochy's ûnder falle.

Beskermhillige bewurkje seksje

Karinsje's lânspatroanen binne de hillige Joazef en Hemma fan Gurk, de patroanhillige fan it bisdom is Jehannes de Doper.

Katedraal bewurkje seksje

De domtsjerke fan Klagenfurt is de biskopstsjerke fan it bisdom. Oant de ferhûzing fan it domkapitel nei Klagenfurt yn 1788 wie dat de domtsjerke fan Gurk.

Twataligens bewurkje seksje

Yn it súdlike diel wenje njonken de Dútsktalige mearderheid ek Slovenen. Dêrom is it bisdom offisjeel twatalich (Dútsk, Sloveensk). Yn 69 parochy's fan Súd-Karinsje foamet it Sloveensk njonken it Dútsk de liturgyske taal.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side