De Rensel is in eardere lytse feanrivier yn Grinslân, dêr't de ferdwûne bopperin fan de grins tusken Wynskoat en Westerlee foarme. Dêr waard oarspronklik de Pekel A mei bedoeld.

In kaart fan de gemeente Wynskoat mei de Rensel út 1865

Yn 1445 waard der foar it earst sprutsen fan de Rensel. Neffens taalkundige Wobbe de Vries is de namme Rensel ôflaat fan it wurd ransil, dat "streamend wetter", mar ek "stilsteand wetter" betsjutte kin. It is nei alle gedachten ôflaat fan it Aldfryske wurd rene (streame) mei it taheaksel -ele (wetterrin).

It ferlingde fan de Rensel waard letter Pekel A neamd. Yn 1596 waard der in trochbraak yn de rjochting fan de Westerwâldske Aa groeven, dy't ek wol de "Nije Rensel" neamd waard. De âlde rin fan de rivier bewesten Ulsda stie yn de santjinde iuw bekend as Olde Rensel, Heerensloot of Olde Reijder Ae alias Olde Pekel Ae.

De bopperin fan de Rensel waard yn 1636 part fan de Wynskoaterdjip of ek wol de Trekfeart neamd. Yn 1955 waard dat part foar it grutste part tichtsmiten en waard de Wynskoaterdjip ferlein benoarden Hilligerlee.

It lêste stik dat fan de Trekfeart oerbleau beëasten Wynskoat wurdt noch wol Rensel neamd. Dat waard yn 1923 ferbrede, sa't it gaadliker foar in haven wêze koe. Hjoed-de-dei is it ferbûn mei de Aldamtmar en wurdt it benammen foar rekreaasje bedoeld. De Rensel slút ek oan op de ferbrede Wynskoaterdjip en is ûnder behear fan de provinsje Grinslân.