Wilhelminatsjerke (Bussum)

De Wilhelminatsjerke is de wichtichste protestantske tsjerke yn Bussum. De tsjerke stiet oan it Wilhelminaplantsoen en is in let wurk (1926) fan Tjeerd Kuipers.

Wilhelminatsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Goaiske Marren
plak Bussum
adres Wilhelminaplantsoen 14
koördinaten 52° 16'N 5° 9'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Tjeerd Kuipers
boujier 1926
boustyl Art deco
Webside
www.wilhelminakerkbussum.nl
Kaart
Wilhelminatsjerke (Noard-Hollân)
Wilhelminatsjerke

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Ynterieur

De fan oarsprong grifformearde tsjerke is in krústsjerke mei houten spitstonferwulften en in toer njonken de foargevel. De muorren en de swiere pylders fan 'e tsjerke binne foar in part fan bakstien boud en op plakken yn in sêfte giele kleur bepleistere.

Glês-yn-leadramen bewurkje seksje

De brânskildere ramen binne makke troch Willem Mengelberg (1897-1967). Oan 'e eastlike kant wurdt yn it middelste raam raam in stjer útbylde, oan de noardlike kant it krús en oan 'e westlike kant it ljocht.

Jugendstil-ljochtkroan bewurkje seksje

De Jugendstil-ljochtkroan mei 24 lampen is út de Fredestsjerke fan Bussum ôfkomstich.

Klok bewurkje seksje

Op in hichte fan 30 meter hinget de goed 1400 kg. swiere klok. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok troch de Dútsers foardere. Nei de oarloch waard jild ynsammele en in nije klok mei it opskrift Door roof verloren, in vree herboren, nodigt tot Hem, mijn bronzen stem (AD 1949) getten.

Oargel bewurkje seksje

 
Oargel

Ynearsten hie de tsjerke in oargel fan Valckx & Van Kouteren út 1926. Dat oargel waard letter ferfongen troch ien fan de belangrykste oargels út it iere wurk fan 'e oargelbouwer D.A. Flentrop fan Saandam.

Oarspronklik waard it oargel yn 1948-1949 foar de yn 1996 sletten Fredetsjerke yn Bussum boud en yn 1998 waard it oerset nei de Wilhelminatsjerke.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wilhelminatsjerke, Bussum fan Wikimedia Commons.