Wikipedy:Efterkeamer

Wolkom yn de Efterkeamer.

Hjir kinne jimme elkoar de harsens ynslaan sûnder in goed argumint te hawwen. (Goede arguminten graach op in oerlisside.) Mar at jimme wolle, kin der ek in meidogger dy't gjin partij is frege wurde om te helpen, dat jimme it útprate kinne.

It doel om nei dizze efterkeamer te gean is fansels om spul tusken lju dy net saaklik bliuwe kinne te beheinen ta dizze keamer, dat de oaren fierder skriuwe kin sûnder al dat leven.

Wol de lêste dy't de doar út giet, de stuollen wer oerein sette, de diskusje fuortsmite en de lamp út dwaan? Tank.

Man begjin no net wer te klooien. Ik bin dwaande om de saak op alfabet te setten! Yn 'e Wâlden (oerlis) 6 jun 2016, 16.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat hiene jo dan earst dwaan moatten, foar't jo geef Frysk yn fout Frysk feroaren. Jo binne in grutte ûnfatsoen, samar spul te feroarjen wylst de saak fan Oekraïne-Ukraïne noch yn berie is, en wylst de foarm 'Oekraïne' yn gjin gefal fout is. Al jo wizigings wurde aansten wer weromset. Net ien dy't it Oekraynsk fine kin as it yn in alfabetyske list ûnder de U stiet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2016, 16.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Fansels sit ik net sa as jo 16 oeren deis te wikyen, mar ik hie der better wurk by sette kind. It sil tiid wurde, dat jo ris begripe dat ik net jo "fijân" bin, dan soe ik der hiel oars mei omgean. Sykje marris in oare fijân, as jo dy sa nédich hawwe. Jo moatte ophâlde mei puntesykjen. Myn dochter soe wol sizze "daar ben ik helemaal klaar mee". Yn 'e Wâlden (oerlis) 6 jun 2016, 17.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Jo hiene der better wurk by sette kind. Lit my net laitsje! Jo hawwe noch noait in goede ynhâldlike side skreaun, jo sitte allinnich mar wat yn 'e marzje te prutsen oan wurk fan oaren dêr't neat mis mei is. En as der al flaters yn sitte, dan litte jo dy stean, want de ynhâld ynteressearret jo nul komma nul: it giet jo der inkeld en allinnich om om jo eigen healwize ideeën oer de stavering dertrochhinne te drukken. En dan doare jo noch mei sok ûnnoazel praat oan te kommen? Jo binne in betwitter dy't mient dat er oeral ferstân fan hat wylst er oerdúdlik fan toeten noch blazen wit. Jo skermje mei jo wurk by de Topografyske Wurkgroep, mar witte net it ferskil tusken in ienlûd en in twalûd, of tusken fonetyk en stavering. No kin it fansels foarkomme dat jo wat net witte. Ik wit ek net alles, dat jou ik grif ta. Mar slimmer is dat as immen jo wat útleit dat jo net goed begripe, jo dy útlis dan folslein negearje en gewoan fierder geane as wie der neat fan sein.
En jo hoege josels net te flaaikjen; jo binne myn fijân net, dêr binne jo lang net belangryk genôch foar. In lytse ergernis, dat komt mear yn 'e buert. Jo binne it sels dy't ferline jier mei jo ûnfatsoenlike en fandalistyske gedrach in normale saaklike relaasje ûnmooglik makke hawwe, en dêrnei hawwe jo mei jo kwetsende en kleinearende opmerkings oan myn adres alle brêgen achter jo ferbaarnd. Dus as jo my as fijân sjogge, dan is dat foar 100% oan josels te witen. En de 'puntesiker' hjirre, dat binne jo. Ek al soe der aansten út it berie komme dat we de foarm "Ukraïne" oanhâlde, dan noch is de foarm "Oekraïne" net fout, en dan sille dy beide foarmen njonkeninoar brûkt wurde meie krekt as "telefyzje" en "tillefyzje" en "romte" en "rûmte". Dus wat wolle jo no eins mei jo folslein ûnsinnige fuortwjudzjen fan 'e hoe dan ek geef Fryske foarm "Oekraïne"?
Wat jo dogge, is trouwens tsjin 'e regels fan 'e Fryske Wikipedy. Sjoch dizze side: As it mar Frysk is kin it hjir skreaun wurde. Eltsenien is wolris te hastich mei feroarings, dat it kin barre dat eat wat goed is, feroare wurdt. Om't de Wikipedy gjin ûnderskied makket tusken dialekten, kin men gauris eat tsjinkomme yn in foarm sa't it yn it eigen dialekt net sein wurdt, dat it kin foarkomme dat it ien of oar dat geef Frysk is, dochs "ferbettere" wurdt. Oant no ta is wenst en set sa'n feroaring werom. As de oare wier mient dat it net goed is, dan kin dy dat oanjaan op de oerlisside fan it artikel. Hjirûnder kin sûnder ienige twifel ek de nota bene troch de Fryske Akademy oanrette foarm "Oekraïne" beflapt wurde. Hâld dus op mei jo gepruts.
Ik kin hast net leauwe dat ik dit útlizze moat, mar foaruit mar wer: as in saak yn berie is, lykas de kwestje Oekraïne/Ukraïne en Koeweit/Kûweit, dan litte normale minsken it spul even rêste om ôf te wachtsjen wat foar beslút oft der nommen wurde sil. Wy wachtsje noch altyd op útslútsel fan 'e Fryske Akademy oer Joegoslaavje, en dan sille we it der yn 'e Wikipedymienskip oer hawwe en mei syn allen in beslissing nimme om dizze striidkwestje foar iens en foar altyd út 'e wei romjen. Mar nee, normale fatsoensnoarmen jilde foar jo net. Jo geane gewoan troch mei jo oanhâldende en útsochte geklier dêr't jo oare meidoggers it bloed mei ûnder de neilen wei helje. No, myn geduld mei jo is no wolfergoed op. Ik haw jo oant no ta altyd noch fan meidogger ta meidogger oansprutsen, mar ik haw in pear jier lyn mei tsjinsin de funksje fan behearder fan 'e Wikipedy oannommen doe't ik dêrfoar frege waard, en dêrmei beskate taken op my nommen, lykas it beskermjen fan 'e Wikipedy tsjin meidoggers dy't der skea oan tabringe. Fan no ôf oan sil ik jo temjitte trede as in behearder dy't mei in him misdragende meidogger te krijen hat. Dan moatte jo it fierders sels mar witte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2016, 18.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Man, jo moatte net sa wichtich dwaan, jo handikap is noch folle slimmer as ik foar mooglik hold. In behearder dy kikt op misdragende meidoggers ensfh. Dêr mei dizze wiky net mei nei gichem gean. Miskien moat ik de organisaasje ris foarstelle jo behearderskip yn te lûken, der sil grif immen "heger" wêze as jo. Yn 'e Wâlden (oerlis) 6 jun 2016, 19.37 (CEST)[beäntwurdzje]
No is it genôch west. Op 'e nij komme jo my op in kwetsende manier op it sear. Ik haw no dúdlik oanjûn wêr't jo de regels fan 'e Wikipedy oertrede. Dêr hawwe jo jo oan te hâlden en jo hawwe jo fatsoenlik te gedragen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2016, 20.11 (CEST)[beäntwurdzje]

(Wy skriuwe hjir allegearre ûnder skûlnamme, dat dan moat it sa kinne.) Alle dagen 16 oeren wikipedye makket wol dúdlik dat wy it oer in slimme foarm fan autisme hawwe. Sa’n handikap achtsje ik wier net licht. Ik haw de lêste tiid in soad besocht om jo dúdlik te meitsjen dat ik net jo fijân, mar dat ik ek net in ferlingstik fan jo handikap bin. By jo handikap is der in binnen- en in bûtenkant. Sis mar, hoe’t jo der mei omgeane en hoe’t de mienskip mei jo omgiet. Dy mienskip, de behearders yn it bysûnder, hiene jo fansels nea foar behearder foardrage moatten. Sok behear freget om kontaktuële eigenskippen dy’t by dizze handikap minder oanwêzich binne. Boppedat hat de mienskip te begripen dat jo libje by it hâldfêst fan swart-wytregels - hjir staveringsregels – en listkes. Mar somtiden is in list allinne mar advisearjend, lykas by de toponimen. Soks is foar jo in ramp fansels, mar in mienskip libbet no ienris net by swart-wytregels allinne. Jo kinne yn sa’n sitewaasje net ferlange dat de mienskip in ferlingstik fan jo handikap wurdt. Jo sille besykje moatte om dan dochs mar in bytsje linich te reagearjen. Yn 'e Wâlden (oerlis) 7 jun 2016, 20.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Foar de mienskip kinne jo net prate. Boppesteande is jo betinken. Drewes (oerlis) 7 jun 2016, 20.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw it ferline jier hiel lang yn goedens mei jo besocht, mar jo woene net yn goedens. Ik haw besocht mei jo te riddenearjen, mar jo woene net nei rede harkje. Doe haw ik fan it jier besocht om jo te negearjen, mar jo lieten jo net negearje. Oan alle geduld komt in ein. Ik lit my net op dizze wize tasprekke, en ik lit de Wikipedy dêr net foar brûke. As se soks op Facebook of Twitter talitte, dat moatte se dêr witte, mar hjir is it ho. Jo hawwe dit oer josels ôfroppen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jun 2016, 20.43 (CEST)[beäntwurdzje]