Wikipedy:Ynspiraasje

Dit is in side oer ynspiraasje. As minsken gjin ynspiraasje hawwe, skriuwe se net yn de Wikipedy, en dat kin fansels net. Der binne ommers noch genôch ûnderwerpen dêr't noch neat oer yn de Wikipedy stiet!

Hijrûnder stiet in list fan ûnderwerpen út it deistich libben; allicht is der eat by wat jo brûke kinne foar jo earste bydrage(n). Dat hoecht net folle tiid te nimmen, want nêst wat jo sels al witte is it frij ienfâldich wat oanfoljende ynformaasje oer dizze ûnderwerpen te finen en yn begryplik Frysk del te skriuwen. Dêrmei kinne jo dochs meibouwe oan dizze Wikipedy-ensyklopedy.

  • Jo bertedatum

Witte jo wat der op dy dei yn de wrâld foarfallen is, of yn dat jier? Wa waard der nog mear berne, of wa is ferstoarn? Foar ien dy't wat talen kin binne dy gegevens op it web maklik te finen. Bygelyks yn it Ingelsk op The History Channel. Mar fansels kinne jo jierdei ek opsykje op in wikipedy yn in oare taal, lykas de Nederlânske Wikipedy of de Ingelske Wikipedy. Nim de feiten oer fia ús eigen deiskema of Jierskema). Of as jo wat mear tiid hawwe kinne jo in side skriuwe oer immen of eat wat dêr neamd wurdt.

  • Jo foarnamme

Wat betsjut jo namme, wêr komt er wei, en hokfoar ferneamde lju hjitte krekt sa as jo? Foegje by foarnamme jo eigen namme ta en fertel sa folle mooglik oer jo eigen foarnamme.

  • Jo wenplak

Stiet jo wenplak al yn de list met Fryske stêden of Fryske doarpen? Jou informaasje oer jo wenplak: yn hokfoar gemeente leit it, wat is it oantal ynwenners, wat is it besjen wurdich, oan hokfoar wetter of dyk leit it? Jo witte wis eat oer jo wenplak dat noch net yn de Wikipedy stiet!

  • Jo oplieding

Jo holle sit fol kennis, hoewol jo dat miskien net iens beseffe. Wat is/wie jo favorite fak? Hawwe jo wurkstikken of skripjes makke? Witte jo dêr noch in pear haadûnderwerpen fan? Set se ûnder it mêd dêr 't dat fak by past. Of fertel in pear dingen oer jo skoalle of universiteit.

  • Jo baan.

As jo in baan (hân) hawwe, dan witte jo eat oer jo fakgebiet bygelyks wat fan technyk, de wet, in ynstelling, feardigens, maatskiplike situaasjes, organisaasje of fabrikaazje, fan pedagogy, ûnderwiissystemen, fan medyske soarch, maatskiplik wurk, boekhâlding, sjoernalistyk, keunst en neam mar op. Jo witte mear as jo tinke. Folgje in reade keppeling of fraachteken of foegje nije ûnderwerpen ta: nammen, produkten, techniken, saken, ynstellingen, data, -ismes, -ogyen, -grafyen, ensafuorthinne.

  • Jo frije tiid

Jo dogge oan in sport, jo hawwe in hobby, jo lêze wol ris in boek, jo geane wol ris nei de bioskoop, nei in teater, jo hâlde fan dûnsjen of fan muzyk; jo witte eat oer dy iene favorite klub, hobby, skriuwer, film, sporter of filmakteur? Wurdt dy al neamd op de side dêr't dy by heart? Set it dêrby! En miskien kinne jo der ferfêst twa of trije rigels oer skriuwe.

  • Jo fakânsje?

Jo witte fêst eat oer jo favorite lân. Wêr leit it presys? Is it in republyk mei in presidint? En wa is dat dan? Is it in keninkryk? Is der in kriich of binne der konflikten? (Jo hoege dêr net alles fan te witten, mar neam it ferfêst)? Is it in earm of in wolfarrend lân? Wêr stiet it lân om bekend? Wat is de haadstêd, wat binne oare belangrike stêden? Rivieren? Berchtmes? Fulkaan? De belangrykste godstjinsten? Binne der seekusten, eilannen? Skriuw op wat jo fan sokke saken witte oer it lân, of oer in part fan it lân, al wie it mar allinnich jo fakânsjeplak.

  • Jo bisten

Hokfoar bisten hawwe jo yn 'e hûs? Hokfoar soarten bestean dêr fan? Wat ite se? Wat hâldt de fersoarging yn? Kinne se ek spesjale syktes krije? Hoe âld wurde se yn it algemien? Hoe lang is de dracht fan de 'dames', hoe grut is it 'nêst' meastal? Miskien hawwe jo wol in boekje oer de fersoarging. As dêr wat sifers en feitsjes yn stean, set dy dan yn dizze Wikipedia. (Pas allinich op dat jo net hiele paragrafen samar oernimme; soks hjit plagiaat, lykas jo witte, en dat kin hjir absolút net.)

  • Ensafuorthinne

Oer al it mooglike kin wat skreaun wurde. Sjoch ris om jo hinne. Wat sjogge jo fan dêr't jo sitte? Dêr binne grif dingen by dy't noch net yn de Wikipedy steane. En dan binne der de saken dêr't jo famylje en freonen it wolris oer hawwe. Fansels kinne jo dy letter freegje it oan te foljen, mar jo kinne ferfêst begjinne mei in side. Wat is der op it stuit yn it nijs? Der is altiten wat dêr't jo oer skriuwe kinne.


Mar at jo wier fleaneangst hawwe, en dêrom net sels in nei mêd begjinne wolle: Op Wikipedy:Winske artikels stiet in tal ûnderwerpen dêr't al fan betocht is dat immen der ris eat oer skriuwe moat. Dan binne jo der yn it foar al wis fan, dat jo it net om 'e nocht dogge; it ienichste is dat immen dy earste sin skriuwt - dat jo dy earste sin skriuwe.