Wilhelm Molly (Blasbach, Wetzlar, 1838 - Neutraal Moresnet, 1919), wie in Dútsk dokter, Esperantist en postsegelsamler. .

Wilhelm Molly

Hy begûn yn 1863 in hûsdokterspraktyk yn Moresnet en waard letter bedriuwsdokter fan it Vieille Montagne-mynbedriuw (Société des Mines et Fonderies de Zinc de la Vieille-Montagne). Yn 1881 waard Molly loko-boargemaster fan de gemeente.[1] . Hy besocht om yn Kelmis in pleatslike posttsjinst mei eigen postsegels te organisearjen, mar dy ûndernimming mislearre rillegau troch tsjinwurking fan België.

Molly wie hiel populêr, mei troch it opkearen fan in goaleraepidemy, en groeide stadichoan út ta de ynformele presidint fan Moresnet.

Yn 1908 kaam Molly mei it útstel om fan Neutraal Moresnet de Esperantotalige steat fan de wrâld te meitsjen, mei de namme Amikejo (Esperanto foar 'plak fan freonskip'). In protte ynternasjonale kranten joegen der omtinken oan. Op it fjirde Esperanto-wrâldkongres yn Dresden waard lykwols besletten om De Haach ta wrâldstêd fan de Esperantisten te meitsjen.[2]

  • Guilelmus Henricus Fridericus Molly: De laryngitide crouposa. Dissertatio inauguralis medica. Lange, Berolini 1861, tagelyk: dissertaasje, Universiteit fan Berlyn, 1861


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oerset fan it artikel Wilhelm Molly yn de Ingelsktalige Wikipedy
  1. Sabine Weber: Amikejo, Ort der Freundschaft. Deutschlandfunk, 12 maaie 2008
  2. Neutral-Moresnet 1816–1919. Geschichte im Detail.