Wilhelmina van Idsinga

Wilhelmina Geertruida van Idsinga (Ljouwert, 10 novimber 1788 - dêre, 3 maaie 1819) wie in skilderesse.

Selsportret fan Wilhelmina van Idsinga

Libben en wurk

bewurkje seksje

Wilhelmina fan Idsinga wie it iennichste bern fan jonker Johan van Idsinga (1751 - 1842), griffier fan de Steaten fan Fryslân, en Tjebbina Heimans. Doe t se seis jier wie stoar har mem, wêrnei't Johan van Idsinga fannijs troude mei Geertruida Stijl. It pear krige gjin bern.

Van Idsinga begûn al jong mei it tekenjen en skilderjen fan portretten nei it libben, earst yn pastelkryt en letter ek yn oaljeferve. Les krige se fan de Fryske keunstskilders Carel Jacob van Baar van Slangenburgh en Willem Bartel van der Kooi. Om 1814 kaam har artistike talint ta bloei. Yn dat jier eksposearre hja yn De Haach en Amsterdam. Yn Amsterdam wie ûnder oare it portret fan in famke mei in kuorke mei blommen te sjen. Twa jier letter, yn 1816, stelde se in pasteltekening ten toan nei it skilderij "een historiële ordonnantie, zijnde de weduwe te Sarepta en de profeet Elias" fan Govert Flinck. Yn 1818 stelde Van Idsinga in portret fan in Fryske frou en in pasteltekening fan in âldere man tentoan op in útstalling fan libbene keunstners. De Algemene Konst- en Letterbode neamde de wurken "bliken dwaan fan in bedreaun skildertalint". Har heit lei foar en mei har in skilderijesamling oan.

Wilhelmina van Idsinga stoar yn 1819 oan "eene borstkwaal" neffens de rouadvertinsje dy har heit en styfmem yn de Ljouwerter Krante setten. Se lieten Wilhelminas selsportret mei striehoed, dat troch Wumkes yn it Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek har bêste stik neamd wurdt, nei oan it Ald Burger Weeshûs, dêr't it noch altyd hinget.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: