Carel Jacob van Baar van Slangenburgh

Carel Jacob van Baar van Slangenburgh (Ljouwert, 2 oktober 1783 - Delft, 16 febrewaris 1845) wie in litograaf, keunstskilder, tekener en akademysk dosint. Hy wurdt ek fernijd as Carel Jacob van Slangenburgh. De famylje Van Baar ûntliende de tafoeging oan it Gelderske kastiel Slangenburg. De nammen Van Slangenburgh en (Van) Baar van Slangenburgh waarden, ek troch de keunstner sels, troch elkoar brûkt. Hy sinjearre syn wurk wol mei C.J.V.S. of V.S..

Selsportret (1817)

Libben en wurk

bewurkje seksje

Van Baar van Slangenburgh wie in soan fan ûnderwizer Jork Abraham Johannes van Baar van Slangenburgh (1754-1835) en Maria Elizabeth Juliana Baunach (-1830). Hy krige ûnderrjocht fan de Ljouwerter skilders Harmen Wouter Beekkerk, Jan Hendrik Nicolaij en Willem Bartel van der Kooi. Mei Van der Kooi makke er yn 1804 in stúdzjereis naar Düsseldorf. Hy waard yn 1805 as lektor en tekenmaster oansteld oan de universiteit fan Hurderwyk. By syn inaugurele rede, in jier later, spriek er oer de opkomst en fuortgong fan de tekenkeunst. Hy boaske yn 1809 yn Ljouwert oan Anna Juliana Brouwer (1780-1845). Nei't de universiteit ûnder de Frânske besetting opheft waard, gie Van Baar Van Slangenburgh yn 1815 werom nei Ljouwert. In stikmannich jierren letter ferhuze er mei syn húshâlding nei Haarlim en wenne dêrnei noch yn Utrert en Amsterdam. Fan 1832 oant 1839 wied er wer lektor yn de tekenkunde yn Utert; dêrnei festige er him mei syn oarehelte yn Delft. Wilhelmina Geertruida van Idsinga wie ûnder syn learlingen.

De kunstenaar schilderde en tekende portretten, genrevoorstellingen en interieurs. Hij nam deel aan tentoonstellingen in binnen- en buitenland, waaronder tentoonstellingen van Levende Meesters in onder andere Amsterdam, Haarlem, Nijmegen, Rotterdam, en Utrecht. Zijn schilderij Koor der Nieuwe Kerk te Delft, met de tombe van Prins Willem I, waard yn 1845 kocht troch kening Willem II; oar wurk is opnommen yn de kolleksjes fan ûnder oaren it Frysk Museum en it Ryksmuseum Amsterdam.

Van Baar van Slangenburgh stoar yn de âldens fan 61 jier, noch gjin wike nei it ferstjerren fan syn frou.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: