Wilhelminafontein (Bussum)
De Wilhelminafontein yn it Noard-Hollânske plak Bussum waard yn 1898 op de Brink setten.
De fontein waard troch de boargerij skonken ta eare fan ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina. Yn 1923 waard de fontein fersetten nei it Wilhelminaplantsoen. Yn 1953 waard de fontein weihelle om romte te meitsjen foar de wykmerk, en waard opslein op de gemeentewerf.
Neidat de fontein restaurearre waard krige dizze in plak op it Wilhelminaplantsoen en op 6 septimber 1988 opnij yn gebrûk nomd.