Willem Bernardus Bergsma

Willem Bernardus Bergsma (Dokkum, 26 febrewaris 1760 - Aldskoat, 26 oktober 1820) wie abbekaat en de soan fan dûmny Eiso Bergsma en Sytske van Thuynen.

Liet him 15 septimber 1778 ynskriuwe as studint yn Frjentsjer, dêr't hy yn 1783 ta jur. utr. dr. promovearre. Hy waard lânsabbekaat en fiskaal-generaal fan Fryslân (1787-92), mar om politike gefoelens ûntslein. Yn 1809 is hy notaris yn Ljouwert en ûntfanger der convoyen en licenten. Op 9 augustus 1794 ferskynt fan him it fluchskrift Eenige gedagten waarom een erfgenaam uit het bloed meerder begunstigd wordt dan een erfgenaam uit een testament. Hy wie earst troud op 22 oktober 1783 yn Frjentsjer mei Lucia Scheltema (dêre, 3 jannewaris 1760 - Ljouwert, 23 juny 1794), dêrnei mei har suster Sjoukje (* 11 augustus 1757 - 26 april 1813).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wumkes - Nederland's Patriciaat (1927), 6-7; (Ljouwert, 1930) I, 380.
  • Inghist NNBW