Willem Beukelsoan (ein 13e – iere 14e iuw) is neffens de oerlevering in fisker út Biervliet, Siuwsk-Flaanderen, dy't de útfiner fan it kaken fan hjerring west hawwe soe.

Willem Beukels, lito fan Hilmar Johannes Backer neffens in glês yn lead rút fan de tsjerke fan Biervliet (1821)

Yn 1312 wurdt Willem Beukels neamd as skepen fan Biervliet. De ienfâldige fisker út it folksferhaal kin er dêrom net west hawwe, neffens de doetiidske maatskiplike ferhâldingen. Op in betinkrút yn de tsjerke fan Biervliet wurdt fernijd dat er yn 1397 stoar, dat is yn alle gefallen net wier. Hokker rol er wier spile hat by dizze útfining is net witten; it haring kaken wurdt sûnt likernôch 1400 dien.

By hjerringkaken wurde fuortendaliks nei de fangst, dat meast al op it skip, de kiuwen en alle yngewanten útsein de alfleisklier (pankreas) fuorthelle; dêrnei wurdt de fisk pikele. De alfleisklier jout ûnder it rypjen enzymen ôf dy't de fisk syn aparte smaak jout en dy't soarget dat er bewarre en ferfierd wurde kin. Skandinaviërs en Flamingen wolle hawwe dat sy al langer bekend wiene mei dy wize fan sâltsjen. Faaks waard de útfining tagelyk dien op meardere plakken.

Yn 2005 einige Willem Beukels. op nûmer 157 by de ferkiezing fan De grutste Nederlanner.