Willem Hendrik fan Sytzama
Mr. Willem Hendrik baron fan Sytzama (Driezum, 14 febrewaris 1763 - Kollum, 5 april 1848) wie in Nederlânsk jurist, politikus en bestjoerder.
Biografy
bewurkje seksjeWillem Hendrik fan Sytzama waard berne yn Driezum as soan fan Maurits Pico Diederik fan Sytzama, kommys-generaal fan Finansjen en lid fan de Steaten fan Fryslân, en Catherina Maria van Heemstra. Hy wie in broer fan de kavaleryoffisier Johannes Galenus fan Sytzama. Fan 1785 oant 1787 studearre er Romeinsk- en hjoeddeisk rjocht yn Grins. Dêrnei waard hy polityk en bestjoerlik aktyf yn en foar Fryslân. Hy waard lid fan de Fryske Admiraliteit en riedshear by it Hof fan Fryslân. By de Frânske machtsoername yn 1795 waard hy as riedshear ôfset. Yn 1811 waard hy wol lid fan de algiemene rie fan it Frânske Departemint Fryslân. Nei de Frânske nederlaach waard hy polityk aktyf yn it nije Feriene Keninkryk fan de Nederlannen, as folksfertsjintwurdiger foar Fryslân yn De Haach en ek as grytman fan de gemeente Westdongeradiel
Wurkpaad
bewurkje seksje- Lid Fryske Admiraliteit, fan 1785 ôf
- Riedshear Hof fan Fryslân, fan 4 maart 1792 oant 8 july 1795 (mei sân 7 amtgenoaten ôfsetten)
- Amteleas, fan 1795 oant 1811
- Lid algemiene rie departemint Fryslân, sûnt 1811
- Lid Gearkomste fan Pommeranten foar it departemint Fryslân, 29 maart 1814
- Lid Steaten-Generaal fan de Feriene Nederlannen foar de provinsje Fryslân, fan 2 maaie 1814 oant 1 septimber 1815
- Lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar de provinsje Fryslân, fan 21 septimber 1815 oants 16 oktober 1826
- Grytman fan Westdongeradiel, fan 1817 oant 1825