Willem Hindrik fan Saksen-Eisenach

Willem Hindrik fan Saksen-Eisenach (It Oranjewâld, 10 novimber 1691 - Eisenach, Tueringen, 26 july 1741), hartoch fan Saksen, wie in soan fan hartoch Johan Willem fan Saksen-Eisenach en Amalia fan Nassau-Dietz. Yn 1729 folge er syn heit op as foarst fan Saksen-Eisenach. As jonge fan 18 oerlibbe er skraach in fal fan in hynder, dêr't er in slimme nierskansearring oan oer hold, dy't him in libben lang lêst besoargje soe.

Willem Hindrik fan Saksen-Eisenach
Willem Hindrik, hartoch fan Saksen-Eisenach
Willem Hindrik, hartoch fan Saksen-Eisenach
persoanlike bysûnderheden
berne 10 novimber 1691
berteplak Oranjewâld
stoarn 26 july 1741
stjerplak Eisenach
wurkpaad
aktyf as Regearjend foarst

Willem Hindrik wie troud mei:

Beide houliken bleaune sûnder bern; sadwaande stoar de line Saksen-Eisenach út en kaam it hartochdom oan de line Saksen-Weimar, Ernst August I fan Saksen-Weimar-Eisenach en ûntstie it hartochdom Saksen-Weimar-Eisenach.