Willem III fan de Nederlannen

(Trochferwiisd fan Willem III fan Nederlân)

Willem III (folút: Willem Aleksander Paul Freark Loadewyk; (Brussel, 19 febrewaris 1817Apeldoarn, 23 novimber 1890) wie fan 1849 oant syn ferstjerren yn 1890 kening fan Nederlân, gruthartoch fan Lúksemboarch en hartoch fan Limburch.

Kening Willem III.

Willem III wie de soan fan kening Willem II en Anna Paulovna fan Ruslân, de dochter fan tsaar Paul. Hy stie bekend om syn opljeppendheid, en sawol dat as syn mânske postuer waarden oan syn Russysk komôf taskreaun. Willem III hie gjin goede relaasje mei syn heit; benammen wied er tige bitter oer de Grûnwetswiziging fan 1848 dêr't Willem II mei ynstimd hie, en dy't de macht fan 'e foarst yn Nederlannen sterk oan bannen lei. Nei syn troansbestiging, yn 1849, fersette er him dan ek geregeldwei tsjin 'e grutdiels symboalyske rol dy't him taparte waard.

Willem III troude twaris. De earste kear wie yn 1839, doe't er oan syn folle nicht Sofy fan Wuertemberch boaske. Ut dat tige ûngelokkige houlik waarden trije soannen berne: Willem, Maurits en Aleksander. Behalven mei syn earste frou hie Willem III ek mei syn âldste soan (dy't him úteinlik weromloek yn selsopleine ballingskip yn Parys) in strieminne relaasje. Nei de dea fan syn earste frou, en doe't syn trije soannen allegear foàr him stoaren, besleat Willem III om jitris yn it houliksboatsje te stappen, diskear mei de jonge Emma fan Waldeck-Pyrmont, mei wa't er mear as fjirtich jier skeelde. Ut dat yn 1879 sletten twadde houlik waard de lettere keninginne Wilhelmina berne. Willem III stoar yn 1890 oan in niersykte, wêrnei't syn frou Emma oant 1898 keninginne-regintesse foar de jonge Wilhelmina yn 't plak waard.