Willem Kok (Stiens, 1903Ljouwert, 1969), bynamme 'Lytse Willem', wie learaar Gryksk oan it Grifformeard Gymnasium fan Ljouwert en direkteur fan de Fryske Akademy (1950-1965); hy gie troch sykte earder mei pinsjoen.

Willem Kok
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Kok
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1903
berteplak Stiens (Fryslân)
stoarn 1969
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre non-fiksje, oersettings
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Germania (fert.)
jierren aktyf 19341965
offisjele webside
n.f.t.

Nei in stúdzje klassike talen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam en promoasje (1934) waard er learaar yn Kampen en Ljouwert (1930-1950). Sûnt 1956 wie er allinnich saaklik direkteur fan de FA neist dr. J.H. Brouwer, âld-heechlearaar yn Grins, dy 't wittenskiplik direkteur waard.

  • 1934 – Tertullianus: De Cultu Feminarum (dissertaasje)
  • 1937 – Germania (Fryske oersetting nei Tasitus)
  • 1946 – Koarstekoeke
  • 1949 – Nuvere Kostgongers
  • 1952 – Onderscheiden - Ongescheiden (oer federalisme)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: