Willem Mees
Willem Cornelis (Willem) Mees (Rotterdam, 6 septimber 1813 - Amsterdam, 24 desimber 1884) wie presidint fan de De Nederlandsche Bank.
Willem Mees wie yn it earstoan advokaat yn Rotterdam en learaar hannelswittenskippen. Yn 1849 waard er ta sekretaris beneamd fan De Nederlânske Bank. Hy ferdigene it belang fan it regulearjen fan de jildfoarsjenning. Teffens pleite er foar it behâld fan it monopoalje fan bankbiljettenútjefte by De Nederlânske Bank.
Under it foarsitterskip fan Willem Mees waard it gebou fan Froger oan de Oude Turfmarkt yn Amsterdam yn gebrûk naam. Yn dat gebou húsmannet no it Allard Pierson Museum.