Willem Penaat
Willem Penaat (Dimter, 25 augustus 1875 - Amsterdam, 5 maaie 1957)[1] wie in Nederlânsk ynterieurarsjitekt en meubelûntwerper.
Libben en wurk
bewurkje seksjePenaat wie in soan fan F.H.C.W. Penaat út Lingen en E.G. Penaat-Triebart fan Dimter. Heit Penaat wie burosjef fan de Fa. Schimmelpenninck & Co, foarrinner fan de Deventer Capsulefabriek; syn mem wie pianiste. Nei de Legere Skoalle en de H.B.S. yn Dimter folge er dêre teken- en skilderles by Alexander Liernur en Bartus Korteling.
Yn 1894 ferfear er nei Amsterdam, dêr't er fierder learde oan de Ryksnormaalskoalle foar Tekenûnderwizers, in eardere learareoplieding. Dêr helle er syn MO-akten Tekenjen, it foech om les te jaan. Ek folge er lessen oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten. Hy lei him spesjaal ta op ynterieur- en meubelûntwerp.
Yn 1897 sette Penaat útein as meubelmakker en tekener by it meubelfabryk Haag & Zn. Yn 1900 waard er artistyk lieder fan it meubelatelier ferbûn oan ierdewurkfabryk Amstelhoek yn Amsterdam. In 1903 was hij meioprjochter fan it Amsterdamske atelier 'De Woning' en yn 1904 fan de Nederlandsche Vereeniging voor Ambachts- en Nijverheidskunst. Fan 1923 oant ûngefear 1950 arbeide Penaat yn Amsterdam en De Haach as binnenhûsarsjitekt foar de winkel Metz & Co. Lykas Hendrik Petrus Berlage, Jac. van den Bosch en Karel de Bazel ûntwurp ek Penaat ienfâldige meubels mei in dúdlike konstruksje.
Fan 1923 oant 1925 wie Penaat ek direkteur fan it Museum van Kunstnijverheid yn Haarlim.[2][3]
Yn 1928 ûntwurp Penaat yn 'e mande mei Hildo Krop (1884-1970) it ynterieur fan de riedseal fan it Stedhûs oan de Oudezijds Voorburgwal yn Amsterdam en yn 1929 wie er de ûntwerper fan it standertmeubilêr foar de PTT (Nederlân).[4] Bekend is syn meubilêr yn de Utertske Domtsjerke en yn de Nije Tsjerke fan Delft.
Foarbylden fan syn wurk
bewurkje seksjeYnterieurûntwerp fan de Dom fan Utert yn 1925:[5]:
-
Preekstoel en banken (argyffoto, 1920er-1930er jierren)
Ynterieur riedseal Stedhûs Oudezijds Voorburgwal Amsterdam, 1928:
Literatuer
bewurkje seksjeCorrie van Adrichem, Willem Penaat. Meubelontwerper en organisator 1875/1957 (Rotterdam 1988), útjouwerij 010, ISBN 90-6450-061-4.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|